Ferskil tusken ferzjes fan "Skiednis fan Ljouwert"

L
Bot: afbeelding Grote Fibula van Wijnaldum.jpg vervangen door Great fibula of Wijnaldum.jpg
(+kat)
L (Bot: afbeelding Grote Fibula van Wijnaldum.jpg vervangen door Great fibula of Wijnaldum.jpg)
 
== Earste bewenners ==
[[Ofbyld:GroteGreat Fibulafibula vanof Wijnaldum.jpg|thumb|Fibula fan [[Winaam]]]]
It is net mei krektens te sizzen wannear't de earste minsken har nei wenjen setten op it plak dat no [[Ljouwert]] hjit. Troch fynsten út de [[izertiid]] (1e ieu f.Kr.) soe it kinne dat it gebiet doe al bewenne wie, mar de argeologen binne dêr net ienriedich oer. Der is wol bewiis fan beweninng yn de 2e ieu n.Kr.. By de Aldehou binne ferskillende dingen fûn út de tiid dat de [[Romeinen yn Fryslân]] wienen. Der binne houten peallen fûn dy't by in trije meter breed bouwurk hearden. It bouwurk wie makke fan plaggen en hout en wie ornearre as skuorre of wente. Oare peallen dy't fûn binne hearden by in 5 meter lang hûs út de twadde of tredde ieu n.Kr. Der binne noch mear fynsten út de Romeinske tiid. Troch tolve [[fibula]]'s dy't fûn binne kin der sein wurde dat der doe aardich wat rike minsken op dat plak wennen. Neffens de Romeinske hierspjelden en ferskate Romeinske munten kin fêststeld wurde dat der hannel west hat tusken de bewenners fan de trije terpen en de Romeinen. De measte minsken wurken op it lân of wienen fisker. Der wienen trije terpen. Fan in stêd mei de namme Ljouwert sa't dy hjoed de dei bekend is wie doe noch gjin sprake. Troch it [[Grutte Folkeferfarren]] en driging fan de Middelsee ferlieten de minsken de terpen en setten har earne oars nei wenjen.
 
3.283

bewurkings