Grêfskrift: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 3:
Grêfskriften wurde yn Fryslân al lang samle. Sa steane se bygelyks yn de ''Skoalmastersboekjes'' (1858-1859) en yn ''Friesche Oudheden'' en der is in kolleksje R.-baron van Breugel Douglas. Yn de topografyske atlas fan it [[Frysk Genoatskip]] steane tekeningen fan A. Martin. Yn de [[20e ieu]] samlen N.J. Waringa, A.L. Heerma van Voss, D.D. Osinga, J. Belonje. De grêfskriften dy't foar bygelyks genealogy, heraldyk, keunsthistoarje en doarpsskiednis fan belang binne wurde samle troch it [[Genealogysk Wurkferbân]] fan de [[Fryske Akademy]]. Nei [[1950]] ferskynden al bondels oer [[Achtkarspelen]], [[It Bilt]] en Ljouwert Galileeërtsjerke.
 
Yn novimber 2007 is by útjouwerij Wever Van Wijnen ''Friezen uit vroeger eeuwen'' ferskynd. Yn dit boek fan mear as 1000 siden wurdt troch auteur Hessel de Walle ûnder oaren in oersjoch jûn fan sa goed as alle grêfskriften út Fryslân fan foar 1811. Op 'e webside fan 'e auteur binne oanfollingen en wizigingen te finen: [http://www.walmar.nl/inscripties.asp Friezen uit vroeger eeuwen]
 
== Keppeling om utens ==