Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ferw. oanpast |
Hurkonides (oerlis | bydragen) LNo edit summary |
||
Rigel 1:
It '''Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse''' (ek wol 'Selskip 1844' of 'Ald Selskip' neamd) is op [[14 septimber]] [[1844]] yn [[Het Gouden Wagentje]] oan de [[Nijstêd]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] oprjochte troch [[Harmen Sytstra]], [[Tiede Roelofs Dykstra]] en [[Jacobus van Loon]].
It Selskip 1844 rekke hommels troch syn bestjoersleden hinne: Harmen Sytstra en Tiede Dykstra kamen koart efter inoar jong te ferstjerren. Jacobus van Loon naam it foarsitterskip op him mei [[Gerben Colmjon]] as skriuwer. Sûnder it duo Sytstra-Dykstra foege it Selskip him nei de liberale geast fan de tiid en wûn oan leden: nei it djiptepunt fan 1852 mei noch mar 122 leden, rûn dat tal op nei 543 yn [[1885]]. Om [[1860]] wiene [[Waling Dykstra]] en [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] útein setten mei harren [[winterjûnenocht]] en it [[Frysk]] folkstoaniel wie yn opkomst. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisi en de praktisi. Yn [[1879]] ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding".
It Selskip is sûnt [[1945]] oansletten by de [[Ried fan de Fryske Beweging]].
|