Muorrekeatsen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot: afbeelding 068.JPG vervangen door Ofbyld-068.JPG
L The file Image:Ofbyld-068.JPG has been replaced by Image:Basque_Country_vs_England_1-Wall_Kampioenskip_2007.jpg by administrator commons:User:Billinghurst: ''File renamed (descriptive name)''. ''Translate me!
Rigel 1:
[[Ofbyld:OfbyldBasque_Country_vs_England_1-068Wall_Kampioenskip_2007.JPGjpg|right|thumb|300px|Muorrekeatsers út Ingelân en Baskelân op it Iepen Italjaansk 1-Wall Kampioenskip 2007]]'''Muorrekeatsen''' is in foarm fan [[keatsen]] wêrby't in bal mei de hân of de fûst, sûnder earst de grûn te reitsjen, tsjin in muorre slein wurde moat. Doel is om de bal sa te slaan dat de tsjinstander de bal dêrnei net jildich retoernearje kin. Muorrekeatsen wurdt sawol binnen- as bûtendoar spile.
Der binne yn it muorrekeatsen ferskate farianten. De meast-spile dêrfan, binne de farianten dy't ûntliend binne oan it tradisjonele Ierske "one-wall handball". Yn [[Frankryk]], mar benammen ek yn [[Spanje]] en [[Itaalje]] besteane in tal farianten dy't in mjuks binne fan it muorrekeatsen en it plein- en fjildkeatsen. By de farianten dy't tsjintwurdich yn [[Amearika]] spile wurde, wêrby't ôfhinklik fan de akkommodaasje ien, trije of fjouwer muorren brûkt wurde, binne de banen lytser (40x20 foet) as earder it gefal wie (60x30 foet). Ek yn Ierlân binne de lytsere banen om finansjele redenen mear en mear yn swang rekke. By it muorrekeatsen wurde tsjintwurdich rubberen ballen brûkt.