Woast lân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
redst
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Woast lân''' wie fan de [[19e ieu]] oan [[1970]] de beneaming foar lân dat foar wyld lizze litten waard en gjin direkt nut hie, lykas [[Heide (vegetaasje)|heide]], [[fean]] en [[sompe|sompen]]. It [[CBS]] beflapte ek de krekt droechfallen grûn dêrby. Hja moatte ek betinke dat se foar de lânbou oant de ein fan de [[19e ieu]] (foar it gebrûk fan [[guano]] en de útfining fan [[keunstdong]]) wol fan grut nut wienen. Woast lân leverde struisel en [[seadde|seadden]] die mongen waard mei de stront fan bisten en op it lân brochten as grûnferbettering en dong. Dêrneist wiene dêr [[Huning|bijekasten]], [[Turf (brânstof)|turf]] foar brânstof en hja lieten dêr de kij en de skiep weidzje. Foar 1900 wie dizze grûn mienskiplik. Yn de rin fan de 19e ieu wurdt it fan de gemeente.
 
It [[Untginning|úntginnen]] fan woast lân ta [[produksjebosk]] en [[lânbougebiet]] wurdt as in wichtich doel sjoen oant ein [[19e ieu]] en begjin fan de 20e ieu en organisaasjes as [[Steatsboskbehear]] en de [[Heidemij]] pakke it flink oan. Tsjinwurdich wurdt it measte fan wat oer is fan woast lân as [[natuergebiet]] beskermme. It is meastentiids yn behear by Steatsboskbehear of [[Natuermonuminten]] of [[It Fryske Gea]].