Keninkryk Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot: afbeelding Keninkryk Frisia.gif vervangen door Frisian kingdom.gif
Aliter (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "BotMultichill" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Richardprins".
Rigel 23:
 
==Untstean fan it Fryske Keningskip==
[[Ofbyld:GreatGrote fibulaFibula ofvan Wijnaldum.jpg|left|thumb|200px|De grutte [[Fibula]] fan Winaam]] Krekt as oare Germaanske folken wienen by de Friezen de stamhaadlingen yn it begjin de lieders. Sy waarden foaral keazen op grûn fan harren kwaliteiten, mar letter soe ek harren komôf meispylje. Yn tiden fan kriich wie it regel dat ien stamhaad de kriichshear waard. Dizze kriichshear dy't ek wol ''[[hartoch]]'' neamd waard, waard keazen en wie lieder salang as de oarloch duorre.
 
It wichtigste kenmerk foar it ûntstean fan it keningskip by de Germaanske folken wie lykwols de oanwêzigens fan in sintraal gesach en in klasse fan elite of [[eallju]]. Dit barde by de Friezen letter as by harren bruorrefolken dy't yn it Romeinske Ryk fêstige wienen. Pas op 'e ein fan de [[6e ieu]] wie hjir sprake fan. Yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet, yn Noard-[[Westergoa]] wie doe sa'n gesach, polityk lieder of kening.
Rigel 32:
 
== Utwreiding fan it Fryske Ryk ==
[[Ofbyld:FrisianKeninkryk kingdomFrisia.gif|thumb|300px|Utwreiding en delgong]]
It Fryske keninkryk dat yn de rin fan de [[6e ieu]] stal krige wie earst mear in federaasje fan ferskate gebieten dy't ta in sekere hichte troch in sintraal gesach ferbûn wiene. Yn dy tiid hearde de delta fan de [[Ryn]] en [[Maas]] net ta it [[Frankyske Ryk]] fan de [[Merovingen]]. De Fryske keningen dy't hieltyd mear in macht fan betsjutting waarden, krigen doe ek belangstelling foar dit gebiet en ûnder de foargongers fan kening [[Aldgillis]] kaam der in Fryske machtsútwreiding nei it hert fan [[Nederlân]]. Skiedkundigen tinke dat foaral noardlik Westergoa yn'e beneaming komt as it gebiet dêr't de Fryske keningen oarspronklik wei komme en dat mooglik kening [[Audulf]] om-ende-by 600 yn de kriich súksesfol wie.