Readboarstke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nap:Pietterusso
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: sk:Červienka obyčajná; tekstwiziging
Rigel 11:
It Readboarstke wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei ''Readboarstje'' as ''Readbarkje''.
 
== Foarkommen ==
It meast opfallend is fansels de oranje boarst, kiel en ek foarholle. De fearren oan de boppekant binne brún. De búk hat in ljochtgrize kleur. It Readboarstke is sa'n 14 sm grut en waget 10 oan't 21,5 gram. It mantsje en wyfke hawwe deselde kleur, de jongen binne minder opfallend. Sy hawwe noch net de oranje kleur en binne brún mei ljochtbrune flekken.
 
== Fersprieding ==
It Readboarstke komt yn hiel [[Jeropa]] foar. In part fan de readboarstkes binne trekfûgels, foaral de fûgels yn [[Skandinaavje]] en [[Rúslân]] fleane winterdeis nei West-Jeropa. Se fiele harren thús yn bosken, hagen en tunen mei in protte grien.
 
== Iten ==
It Readboarstke yt it meast wjirms, ynsekten en slakken dy't se op de grûn fange. Yn de hjerst ite se ek wol beien. Yn de winter is it Readboarstke ien fan de fûgels dy't faak op de foerplanke te sjen is.
 
== Fuortplanting ==
It nêst wurdt boud troch it wyfke. It is in komfoarmich nêst dat meast leech by de grûn yn de strûken, tusken beamwoartels of ek wol op de grûn makke wurdt. It bestiet út plantemateriaal lykas moas en gers, beklaaid mei hier en fearren.
 
Rigel 77:
[[ru:Зарянка]]
[[scn:Petturrussu]]
[[sk:SlávikČervienka červienkaobyčajná]]
[[sl:Taščica]]
[[sv:Rödhake]]