Geslachtsmienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
It geslachtsferkear kin op ferskillende manieren barre. It meast wênstige is wierskynlik dat by heteroseksualiteit de man boppe-op de frou leit, de partners mei de gesichten nei inoar ta, sadat se inoar sjen kinne en tútsje kinne. Yn in fariant fan dizze posysje kinne de gesichten ek neist inoar holden wurde. De frou kin har skonken plat hâlde, of bûgd, of hielendal omheech nei har skouders ta. Dizze hâlding wurdt ek wol de misjonarishâlding neamd, dizze namme krige it wierskynlik omdat it de ienige troch de Roomsk-Katolike Tsjerke goedkarde posysje wie om geslachtferkear te hawwen. Foar sawol de man as de frou kinne ferskillende hâldingen fan de skonken fan de frou in oar gefoel ta gefolgen hawwe: it sterker bûgen fan de heupen hat ta gefolch dat de penis djipper yn de fagina binnenkringe kin. Oft dat noflik is, hinget ôf fan persoanlike foarkarren en de anatomy fan de partners.
 
Under it geslachtsferkear bewege de partners harren heupen, sadat de penis op en del beweecht yn de [[fagina]]. Nei in skoftke sil de man in hichtepunt belibje en wurdt it sperma útstjitten. Meastal duorret it geslachtsferkear inkele minuten, en it hichtepunt inkele sekonden.
 
Oare hâldings binne:
Rigel 12:
Met de gesichten fan elkoar ôf:
De frou sit boppe-op de man op har knibbels, hja makket in op-en-del geande beweging
"Op syn hûntsjes". De frou sit op har knibbels en skoarret op har hannen, bygelyks op de râne fan it bêd. De man stiet efter har. Dit is ek in hâlding dy't [[anale seks]] mooglik makket.
De frou leit op har liif en de man leit op har rêch, mei syn gesicht nei de efterholle fan de frou.
De frou leit op har side en de man efter har, als "leppeltsjes".
Mei wat fantasij kinne noch oare farianten betocht wurde; it fariëren fan de posysje by geslachtsferkear kin men de positive spanning yn de relaasje bewarje en tefoaren komme dat de belibbing fan de seksualiteit ferwurdt ta in rûtine. It ieuwenâlde boek [[Kamasutra]] wurdt beskôge as it standertwurk op dit mêd.