J.J.A. Ploos van Amstel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat.
Rigel 6:
Yn 1876 stie Ploos yn [[Grins]]. It bûtere net tusken de Grinzers en Ploos. Foar Reitsum wie dat de kâns om it nochris te besykjen. Ploos naam dizze kear it berop oan. Doe't er wer yn de Reitsumer pastorij wenne, sei er dat hy wer thús wie. Yn Reitsum waard hy op hannen droegen. Hy waard 'fader Ploas' of 'de âlde Ploas' neamd. As ien him ris frege oft hy fan adel wie, soe er soks net ûntkenne.
 
Wat guon fan de tsjerkerie, en mei namme âlderling Reitsma, ûnrêstich makke, wie dat Ploos it der hieltyd faker oer hie om de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]] mar te ferlitten en fierder te gean mei in suvere tsjerke. Ploos hearde Reitsma oan, mar gie syn eigen gong. Uteinlik krige hy de hiele tsjerkerie mei. Der waard yn 't geheim besletten om út de Herfoarme Tsjerke te gean. Doe kamen der harkers en de tsjerkerie krige it benaud. As Ploos wier fuortgie, sieten se mei harren beslút om harren ôf te skieden en koenen net wer in opfolger beroppe.
Yn 1886 fûl it offisjele beslút. Reitsum gie as fjirde gemeente yn Nederlân mei mei de [[Doleânsje]].
Ploos is doe yn Reitsum bleaun. De lêste jierren binne swier foar him west. Hy krige sûkersykte, wêr't doe neat oan te dwaan wie.