Boksum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side ferfong mei 'BOKSUM stiet bekend om'e hoeren, de natuerlikke fijanen binne toch wol de aapkes'
L Bewurkings fan "83.136.198.196" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Wutsje".
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Menameradiel Boksum.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Boksum]]
BOKSUM stiet bekend om'e hoeren, de natuerlikke fijanen binne toch wol de aapkes
'''Boksum''' is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente [[Menameradiel]]. It doarp hat likernôch 400 ynwenners (2004).

Lykas de oare doarpen yn Menameradiel is ek Boksum ûntstien oan de [[Middelsee]]. De âlde Middelseedyk is hjir noch in stille tsjûge fan. It doarp leit sawat 7 kilometer súdwest fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], tichtby it doarp [[Jellum]] yn [[Littenseradiel]].

==Tsjerke==
De Sint Margaretatsjerke is boud op in [[terp]] en is omjûn troch in tsjerkhôf. De tsjerke waard oarspronklik boud om it jier [[1100]] en om [[1300]] hinne fergrutte. Ein [[2003]] is de tsjerke, mei in oargel út [[1675]], restaureard.
Yn de maaitiid fan [[2002]] waard by de tsjerke in fersierde [[sarkofaach]] fan rôze sânstien fûn. De tsjerke fan Boksum hie altyd twa aparte ‘fakken’: Rjochts de banken fan de froulju en lofts de manlju.

Ein [[2005]] fûnen grêfdylgers in grêf mei in ryk fersierde stiennen kiste út de [[12e ieu]].
Yn maaie 2006 waard wat fierderop in midsieuske dekstien fûn.

==Slach by Boksum==
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wûnen de troepen fan [[Philips II]] op [[17 jannewaris]] [[1586]] de [[Slach by Boksum]]. Neffens de tekst op in tinkboerd yn de Sint Margaretatsjerke, binne yn dizze slach tûzen deaden fallen.

==Stasjon==
Tusken [[1883]] en [[1938]] hie Boksum, tegearre mei it twillingdoarp Jellum, in stasjon oan it spoar [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] - [[Starum]], ''[[Jellum-Boksum]]'' neamd.

In bekend ferske oer Jellum-Boksum:

''It muzyk giet troch de buorren, it is allegearre folk.''

''Rom-bom-bom, rom-bom-bom, slacht de tromme.''

''Dêr begjint it al: "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!''

''Alle jonges, alle famkes sjonge mei `t is in lust,

''Hast ús hiele lytse doarpke dat is op'en baan!''

==Mienskip==
Neist in basisskoalle ( [[Otto Clant]] ) en in doarpshûs ( It String ) is der ek in tsjerke.
===Ferieningen===
* De Stringpraters - toaniel
* BCB - biljerten
* Persis - frouweferiening
* [[FTW]] ( Foar Trije Wurk ) - keatsen
* Folleybalferiening
* Manljusferiening ( Onderzoekt de Schriften )
=== Bekende (âld) ynwenners fan Boksum ===
* [[Ulbe van Houten]] ( [[23 maart]] [[1904]] - [[22 maart]] [[1974]] )
* [[Douwe Kalma]] ( [[3 april]] [[1896]] - [[18 oktober]] [[1953]] )

=== Ynwennertal ===
*[[1954]] - 404
*[[1959]] - 381
*[[1964]] - 372
*[[1969]] - 342
*[[1974]] - 360
*[[2004]] - ±400

==Strjitten==
[[Blessum]]erpaad, Buorren, Diorremahiem, Fockingastrjitte, Heechpaad, Hegedyk, [[Hilaard]]erpaad, It Reedtsje, Muontsehiem, Nijlânsdyk, Oedsmawei, Pypsterbuorren, Scheltemahiem, Tiltsjedyk.

== Keppeling om utens ==
* [http://home.hetnet.nl/~boksum/index.html Webstee Boksum]
* [http://www.aldefrysketsjerken.nl/kerkinfo/boksum_2.html Oer de tsjerke]

{{Koördinaten|53_10_38_N_5_43_47_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 11' NB, 5° 44' EL}}

[[Kategory:Menameradiel]]

[[en:Boksum]]
[[fr:Boksum]]
[[nl:Boksum]]