Frankyske Boargeroarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk dien
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: nl:Frankische Burgeroorlog; tekstwiziging
Rigel 7:
 
== De oanlieding ==
De eallju yn [[Neustrje]] en [[Hartochdom Boergonje|Boergonje]] seagen troch de dea fan hofmeier Pippyn fan Herstal kâns harren te ûntdwaan fan de [[Austraasje|Austrasyske]] dominânsje. Hja woenen werom nei de situaasje foardat Pippyn alle Frankyske gebieten ûnder ien bewâld feriene en woenen Ragenfrid as hofmeier hawwe. De Frankyske kening [[Dagobert III]] lit him troch de Austraasjers beynfloedzje en beslút Ragenfrid as syn nije hofmeier te kezen.
 
Yn Austraasje hie de frou fan Pippyn derfoar soarge dat [[Karel Martel]] útsletten wie foar de opfolging, en dat har minderjierrige beppesizzer Teudobald (soan fan [[Grimoald]] út in earder houlik) as opfolger beneamd wurde wie. Hy moast de nije hofmeier wurde, mei Plektrudis as regentes. Hja litte Karel finzen nimme en slute him op yn Keulen. As ûnderwillens de kar fan kening Dagobert bekend wurdt, lûkt Plektrudis har dêr neat fan oan, want sy stjoerd Teudobald mei in leger nei it suden ta om de kening op oare tinzen te bringen.
 
=== De slach by Compiégne ===
Rigel 24:
 
=== Slach by Vincy ===
De nederlaach by Amels kaam hurd oan by Gilperik en Ragenfrid, sy wurde twongen harren werom te lûken nei Neusterje. Karel Martel, dy't in taktysk wûnder wie, gie net fuort yn de tsjinoanfal, mar wreidet earst syn leger fierder út mei mear kriichslju en riedt him goed ta foardat in fjildtocht útein set. Yn [[717]] acht er him sterk genôch en lûkt it inisjatyf foarfêst nei him ta as er de striid nei it suden ferpleatst. By [[Slach by Vincy]], tichteby it tsjintwurdige [[Kameryk]] boekt er op 20 maart dat jier in beslissende oerwinning tsjin de Neustjers . Hy efterfolget de ferslaggen Gilperik II mei syn hofmeier oant de stêd [[Parys]]. Dêrnei keart hy werom nei it noarden, ferslaat de oanhing fan Plektrudis en oermastert Keulen. Ferfolgens set er in oare Merowinger, [[Klotarius IV]] op de troan en ropt dizze út ta kening fan it hiele ryk, mei himsels as hofmeier.
 
=== Slach by Soissons ===
Rigel 30:
 
== Gefolgen ==
Neidat de Frankyske boargerkriich einige wie, hie Karel Martel de allinnichhearskippij ferkrige oer it hiele Frankyske Riik. It wie foar it earst dat alle macht by ien hofmeier berêste. Hjirmei lei hy de grûnslach foar de dynasty fan de [[Karolingen]] dy't fan [[751]] ôf ek de keningen fan de Franken levere soenen. Sels naam Karel net de titel fan kening, mar as hofmeier hâlde hy wol de feitlike macht yn hannen.
 
== Bourne ==
* [[Liber Historiae Francorum]]
 
[[Kategory:Frankyske Ryk]]
 
[[nl:Frankische Burgeroorlog (715-718)]]