Aostadelling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: an:Val d'Aosta
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: als:Aostatal; tekstwiziging
Rigel 16:
'''Falle d'Aosta''' of '''Fal d'Aosta''' ([[Frânsk]]: ''Vallée d'Aoste'', is in bercheftige regio en provinsje yn Noardwest-[[Itaalje]]. It is de lytste [[Italjaanske Regio’s|regio]] fan it lân dat yn it westen grinzet oan [[Frankryk]], yn it noarden oan [[Switserlân]] en yn it suden oan de regio [[Piëmont]].
 
== Geografie ==
De regio beslacht 3263 [[fjouwerkante kilometer|km²]] en de haadstêd fan de regio is [[Aosta]]. De regio omfet it "Valle d'Aosta", it delle fan de [[Dora Baltea]], in sydrivier fan de [[Po (rivier)|Po]], en syddellen.
 
=== Begrinzing ===
Yn it noarden wurdt Falle d'Aosta fan it Switserske [[Wallis (kanton)|Wallis]] (de fallei fan de [[Rhône (rivier)|Rhône]]) skieden troch de [[Walliser Alpen]]. De [[Grutte Sint-Bernardpas]] liedt oer dizze rige berchtmen nei [[Martigny (Switserlân)|Martigny]]. Oare [[berchpas|passen]] oer de Walliser Alpen binne allinnich rinnende begeanber. De Walliser Alpen foarmje hjir in foar it ferkear net troch te komen barriêre tusken it "Valle d'Aosta" en it Wallis.
 
Rigel 28:
Yn it easten lang om let grinzet de regio aan de Piemonteser dalen [[Fal Sesia]] en [[Fal d'Ossola]].
 
[[imageOfbyld:Aosta.jpg|thumb|right|300px|[[Aosta]] sjoen út de omlizzende bergen wei.]]
 
== Befolking ==
Falle d'Aosta hat foar in part in Frânstalige befolking fan om-ende-by 113.000 ynwenners. De Frânske taal dy't sy prate is it ''[[Patois]],'' in Frânsk dialekt dat ticht by it [[Provensjaalsk]] stiet, mei oerienkomsten mei de Frânske dialekten fan Switserlân en hiel opmerklik mei dy fan [[Kanada]].
 
[[imageOfbyld:Aosta0001.jpg|thumb|right|300px|[[Romeinske Ryk|Romeinske]] ruïnes yn [[Aosta]].]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.regione.vda.it/ Regione Autonoma Valle d'Aosta / Région Autonome Vallée d'Aoste]
* [http://www.aostavalley.com/primaeng.html Ingelsktalige site oer Val d'Aosta]
 
[[Kategory:Italjaanske regio]]
 
[[als:Aostatal]]
[[an:Val d'Aosta]]
[[ar:فالي دا أوستا]]