Strobosser Trekfeart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
pinning
Rigel 3:
De '''Strobosser Trekfeart''' is in feart dy't rint fan [[Dokkum]] nei [[Gerkeskleaster]], dêr't er yn it [[Prinses Margrietkanaal]] útkomt.
 
== Skiednis ==
=== Ferbining mei Grins ===
De Strobosser Trekfeart is yn de jierren [[1654]] - [[1656]] groeven yn opdracht fan it stêdsbestjoer fan Dokkum. Dokkum woe it ferlies fan skipfeart troch it tichtslykjende [[Dokkumer Djip]] goed meitsje troch in bettere ferbining oer binnendyks wetter mei [[Grins (stêd)|Grins]]. Nei foarbyld fan de [[trekfeart]] fan Harns nei Ljouwert waard de feart útfiert as in trekfeart, mei neist de feart in [[jaachpaad]] dêr't de [[hynder]]s fan de [[trekskip]]pen rinne koenen. Ta eare fan dit feit waard in [[pinning]] slein.
 
=== Dokkum fallyt ===
Rigel 20:
Yn [[1779]] waard de provinsje eigner fan de feart. Yn [[1810]], mei it ferdwinen fan it [[Keninkryk Hollân]], waard de trekfeart eigendom fan it [[Frânske keizerryk]], en earst yn [[1819]] wurdt de feart wer provinsjaal. Sûnt [[1879]] is de feart wer ryksbesit.
 
== Lizzing ==
De Strobosser Trekfeart rint fan Dokkum yn súdeastelike rjochting oan de noardkant fan [[Wâlterswâld]] en [[Driezum]]. Dan krúst de trekfeart de [[Swemmer]] dy't fan de [[Burgumer Mar]] nei [[Dokkumer Nije Silen]] rint. Dêrnei rint de trekfeart súdlik fan [[Westergeast]], [[Aldwâld]] en [[Kollum]]. Nei Kollum leit in skerpe bocht yn de feart wêrnei't dy in súdlike rjochting fierder rint, by [[Lytsewâld]] del om by Gerkeskleaster yn it Prinses Margrietkanaal út te kommen.