Kleaster Klaarkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw. oanpast
No edit summary
Rigel 6:
Ut Klaarkamp wei waarden in soad oare kleasters stifte, ûnder oaren by [[Boalsert]] ([[Kleaster Blomkamp]]; [[1190]]), [[Aduard ]]([[1192]]) en [[Gerkeskleaster]] ([[Jeruzalem (Gerkeskleaster)|Jeruzalem]]; 1249).
 
De mûntsen fan Klaarkamp makken ûnder oareoaren [[kleastermoppen]], [[bakstien|bakstiennen]] makke fan de [[klaai]] dy't se tichtby it kleaster ôfgroeven. Hjirtroch ûntstie de [[Klaarkampster Mar]], tsjintwurdich in dridzich gebiet dat troch [[Steatsboskbehear]] beheard wurdt. De mûntsen bebouden ek it lân en stutsen [[Turf (branje)|turf]].
 
Op it hichtepunt hie it kleaster 2500 hektare grûn en sa'n 80 pleatsen yn eigendom. Yn it kleaster wennen tsientallen mûntsen en inkele hûnderten [[likebroer|likebruorren]]. Teffens hie it kleaster ferskate [[úthôf (kleaster)|úthôven]], wêrfan't [[Sibrandahûs]] der nei alle gedachten ien fan wie. Dêrneist wie der in úthôf yn [[Jannum]] en ek de [[Skierstins]] tichtby [[Feanwâlden]] hearde fan [[1439]] ôf by it kleaster. Ek [[Skiermûntseach (gemeente)|Skiermûntseach]] ("eilân fan de skiere mûntsen") hearde ta it kleaster Klaarkamp.
By de twisten tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]] hearde Klaarkamp uteraard ta de Skieringers. In oar kleaster, [[Bethanië]] of ''[[Foswert]]'' by [[Ferwert]], hearde ta de Fetkeapers. Doe't yn [[1387]] de tsjerke fan Bethanië ôfbaarnde krige Klaarkamp dêrfan de skuld en by wize fan [[wraak]] waarden fjouwer mûntsen út Klaarkamp deaslein. Pas folle letter waard it skeel bylein.
 
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] gie Fryslân oer fan it [[katolisisme]] nei it [[protestantisme]]. De kleasters, wêrûnder Klaarkamp, waarden op [[31 maart]] [[1580]] opheft en de besittings ferfoelen oan de [[Steaten fan Fryslân]]. De kleasters waarden ôfbrutsen, de grûn en sede stiennen wêrdêr't de kleasters fan boud wienen (kleastermoppen) waarden ferkoft.
 
Tusken [[1858]] en [[1941]] waard de [[terp]] wêropdêr't Klaarkamp op boud wie ôfbrutsen en de grûn waard ferkoft. Oarspronklik wie de terp sa'n fjouwer en in heale meter heech. By it ôfgraven fan de terp waarden in protte argeologyske fynsten dien út de tiid fan it kleaster, mar ek in soad âldere, út de [[Romeinen yn Fryslân|Romeinske tiid]].
 
{{Koördinaten|53_18_43_N_5_56_22_E_type:landmark_region:NL-FR|53° 18′ 43″ N, 5° 56′ 22″ E}}