Stinzeplant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Bernd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
 
'''Stinzeplanten''' binne ferwyldere [[planten]] dy't foarkomme yn de tunen en parken fan âlde [[States en Stinzen|states en stinzen]]. It binne meast planten mei kleurrike blommen. De measte stinzeplanten bloeie yn de maaityd.
 
De beneaming stinzeplanten, dy't troch Dr. [[Jacob Botke]] yn 1932 foar it earst brûkt waard, is mooglik ynspirearre troch it feit dat de bewenners fan Feanwâlden it by de [[Skierstins]] groeiende [[knolsteenbreek|Haarlimmer klokkespul]] mei [[stinzeblomkes]] oantsjutten.
 
De namme stinzeplant komt fan it wurd [[stins]], dat slacht op in fersterke, stiennen hûs. Yn [[Fryslân]] is it foarkommen fan dizze planten it earst beskreaun. Letter binne se ek fûn yn [[Grins]] en [[Utert]].