Oktroai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ur:Patent
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ur:براءت; tekstwiziging
Rigel 5:
In oktroai jout de oktroaihâlder it rjocht om oaren te ferbieden de útfining bedriuwsmjittich ta te passen (bygelyks te meitsjen, yn te fieren, op foarried te hawwen, ensfh.). In oktroaihâlder hat net ''automatysk'' op basis fan it ferliende oktroai it rjocht om de útfining ta te passen. Yn in soad gefallen binne dêrfoar fierdere fergunnings needsaaklik, bygelyks op grûn fan de [[warewet]] of op grûn fan de [[miljeuwetjouwing]]. It kin ek wêze dat oktroairjochten fan oaren it tapassen fan de útfining opkeare.
 
== Wat is in oktroai? ==
Oktroaien binne útfûn as oplossing foar in maatskiplik [[dilemma]]. Oan de iene kant binne de [[wittenskip]] en [[technology]] der mei holpen dat elk wit hoe't besteande technology wurket. Dan kin elk dêrop trochbouwe en de [[technyk]] kin fierder gean. Oan de oare kant sil de útfiner syn útfining geheim hâlde wolle, om in foarsprong op de konkurrinten te hâlden, en sa syn ynvestearring yn de útfining yn jild werom te sjen. As komprimis is it oktroai útfûn. De útfiner krijt dêrmei foar in beheinde tiid (yn de measte lannen op syn meast tweintich jier, rekkene fan de yntsjinningsdatum fan de oktroai-oanfraach ôf) it eksklusive rjocht op it útbaten fan syn útfining. Foar it jildich bliuwen fan it oktroai moat yn de measte lannen alle jierren in taks betelle wurde. Wurdt dat net (mear) dien of binne de tweintich jier om, dan kin elk de útfining tapasse of kapitalisearje.
 
Rigel 55:
En it lêste punt sil ek dúdlik wêze: in útfining dy't gewoan net wurket, is net te oktroaien.
 
=== It rjocht op it oktroai ===
Yn prinsipe kin elkenien oktroai oanfreegje - in gewoan persoan of in [[rjochtspersoan]]. Yn prinsipe komt it oktroai de útfiner ta, of oan alle útfiners meiïnoar as it in groep wie. Oktroai op útfinings dy't dien binne troch persoanen yn tsjinst fan in oar, komme ta oan de wurkjouwer (bedriuwen as Philips en IBM ha ''in soad'' oktroaien). Wa't it oktroai ek yn besit hat, de echte útfiner ''moat'' op it oktroai neamd wurde (''eare dy't eare takomt'').
 
Rigel 97:
De measte oktroaiwetten jouwe in op himsels relatyf ienfâldige regel oangeande de fraach, wat te oktroaien is, sjoch bygelyks it Jeropeesk Oktroaiferdrach: ''Oktroaien wurde ferliend foar útfinings dy't nij binne, op útfinerswurksumens (in ynventive stap) berêste en fetber binne foar tapassen op it mêd fan yndustry''. In te oktroaien útfining is bygelyks in idee of útfining dy't net fanselssprekkend simpel is (mar wol ynventyf), en dy't wrâldwiid nij is. De útfining mei dus nearne earder publisearre of beskreaun wêze. Oer wat 'fanselssprekkend simpel' ynhâldt binne wolris mieningsferskillen; in rjochter moat dan bygelyks de knoop trochhakje. It Jeropeesk Oktroaiburo brûkt ornaris de 'problem-solution approach' om nei te gean oft in útfining ynventyf genôch is. De lêste jierren is der in kontroverse geande oer de fraach oft [[gen]]en te oktroaien binne.
 
=== Skiednis yn Nederlân oant 1910 ===
De earste wet op oktroaien waard yn Nederlân ynfierd op [[25 jannewaris]] [[1817]]. Dêr waard lykwols troch Nederlânske bedriuwen in bytsje gebrûk fan makke. Wol besochten bûtenlânske bedriuwen troch de wei fan in ynfier-oktroai hat konkurrinsjeposysje yn Nederlân feilich te stellen. Op [[25 july]] [[1867]] waard dy wet lykwols hielendal ynlutsen. Yn [[1870]] soe Nederlân de ''Konfinsje fan Parys'' tekenje, wat ynhold dat Nederlân har wetjouwing op ''yndustrieel eigendom'' oanpasse moatte soe, lykwols allinnich foar fabryks- en hannelsmerken. Nederlân koe, krekt as [[Switserlân]], noch hieltyd in eigen koerts oangeande de oktroaien folgje. Neidat Switserlân yn [[1888]] dochs besleat ta ynfieren fan oktroaiwetjouwing wie Nederlân yn wêzen it iennichste Jeropeeske lân dêr't soks noch net fêstlein wie. [[Polityk]] sjoen wie dy posysje fan Nederlân net langer fol te hâlden (ynternasjonaal waard Nederlân bestimpele as in folk fan ''Frijbûtsers''). Dus, yn [[1893]] waard troch it Nederlânske regear op in kongres yn [[Madrid]] tasein om in útstel nei de [[Twadde Keamer]] te stjoeren. De diskusje dy't dat útstel los makke soarge der foar dat it earst yn [[1905]] slagge om werklik in wetsútstel yn te tsjinjen (Nederlân soe oars út de ''Uny fan Parys'' set wurde, en de fabryks- en hannelsmerken fan de Nederlânske yndustry ferlieze) . Dy wet soe úteinlik yn [[1910]] troch de Earste- en Twadde Keamer oannommen wurde.
 
== Besibbe ûnderwerp ==
* [[Auteursrjocht]]
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.octrooicentrum.nl Octroaisintrum Nederlân]
* [http://www.wipo.int/ WIPO (World Intellectual Property Organization]
* [http://www.european-patent-office.org/ Jeropeesk Oktroaiburo]
* [http://www.patentvista.nl/kosten_taksen_overzicht.php/ Kosten oktroai krijen, wrâldwiid]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
{{Link FA|af}}
 
[[Kategory:Technyk]]
 
{{Link FA|af}}
 
[[af:Patent]]
Line 164 ⟶ 165:
[[tr:Patent]]
[[uk:Патент]]
[[ur:Patentبراءت]]
[[zh:专利]]