Eije Wijkstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 2:
 
== IJe ==
Wijkstra waard berne as jongste fan fiif bern fan IJe Hendriks Wijkstra en Sjouktje Derks van Bolhuis. Syn heit wie los-arbeider, dat hy hie gjin fêst wurk en gjin fêst ynkommen. It skynt dat syn beide âlden min mei-elkoar koene; mense hiehienen skeel oer it leauwe en dêrder waard ek wol slein.
 
Nei de legere skoalle gie IJe yn de lear as mitselder. Tegearre mei syn heit soe er ek streupt hawwe, yn alle gefallen koe er goed omgean mei in gewear.
Rigel 8:
IJe kin as betûft foeger aardich syn brea fertsjinje. Hy bleau by syn mem yn'e hûs en soe [[anargisme|anargist]] west hawwe. Hy moat neat hawwe fan guon dy't boppe him steane. IJe miende sels dat er te lijen hie fan in [[senuwsykte]]. Neffens eigen sizzen hat er ienris in senuwdokter yn Grins rieplachte en dy soe him in skoftke behannele hawwe. Yn dy tiid spile er harmonika en mocht er graach lêze, ûnder oaren wat wurk fan [[Friedrich Nietzsche]].
 
Wykstra stie net op in minne namme en hie komselden mei justysje yn oanrekking west. Guon miene dat syn kontakten mei de beruchte [[Durk Tabak]] fafan [[Stynsgea]] en [[Jan Hut]] him gjin goed dien hawwe. Mei harren spile Wykstra wol op brulloften en feesten.
 
== Aaltsje en de moarden ==
Yn [[1928]] krijt er in ferhâlding mei Aaltje Wobbes, it wiif fan syn freon Hendrik Wobbes, dy't fêst sit foar stellerij. Neffens de oerlevering hat Aaltsje in soad ynfloed op IJe. Hy bliuwt 14 dagen by har. In skoftke letter giet Aaltje by IJe yn en lit hjase har seis bern yn de steeksitte. Mem Wykstra kin der net oer en giet fuort.
 
Fanwegen it oan harren lot oerlitten fan de bern, wol [[rjochterlike macht|Justysje]] yn [[Grins (stêd)|Grins]] Aaltsje hearre. De [[boargemaster]] fan [[Gruttegast (gemeente)|Gruttegast]] wurdt hjitten om Aaltsje te arrestearjen en nei Grins bringe te litten. Blykber foarsjocht de boargemaster swierrichheden, want hy stjoert leafst fjouwer [[fjildwachter]]s, twa gemeentlike en twa ryksfjildwachters.
 
Op [[18 jannewaris]] [[1929]] wachtet Wijkstra de fjildwachters op mei in [[karabyn]]. Neffens de ferhalen frear it dy deis 18 graden. It slagget IJe om alle fjouwer plysjes del te sjitten, by trije fiket er letter de kiel noch troch. Hy rekket sels licht ferwûne. Hy bringt Aeltsje ûnder by in neef en flechtet nei Grins. Op wei nei it sikehûs wurdt er oanhâlden.
[[Ofbyld:Wykstra, tinkstien fjildwachters.JPG|thumb|''Tinkstien foar de plysjes, Polmaloane ûnder [[Kornhorn]]'']]
== Nei de moard ==
Rigel 25:
 
== Boeken en film ==
It libben fan Wykstra is fêstlein yn meardereferskate boeken, ûnder oaren troch [[Rink van der Velde]]. Dit boek waard yn [[1980]] ferfilme troch [[Pieter Verhoeff]], mei as de titel ''Het teken van het beest''.
== Keppeling om utens ==