Afûk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 5:
De Afûk is ek [[útjouwer]]. Alle jierren wurde tsientallen boeken útbrocht. Dêrûnder binne in soad learmiddels oer de Fryske taal, kultuer en skiednis, mar ek Frysktalige romans en berneboeken. De Afûk is ek útjouwer fan it opinyblêd [[De Moanne]] en it ûnderwiistydskrift [[De Pompeblêden]].
 
By de Afûk as kursusynstitút giet it benammen om saken dy't Fryslân harsyn taal en kultuer oanbelangje. Dêrûnder binne stoomkursussen Frysk op [[Skylge]], kursussen om it Frysk ferstean en praten te learen, kursussen stavering, skriuwfeardigens, skiednis en Aldfrysk.
 
De Afûk beskikt ek oer in taaladfysburo, it [[stipepunt Frysk]] en in oersetôfdieling, foar bedriuwen, oerheden en partikulieren.
Rigel 11:
Fierder wurket de Afûk oan learplanûntwikkeling, sawol foar de eigen kursussen as foar it Fryske taal- en kultuerûnderwiis op skoallen. Foar it basisûnderwiis joech de Afûk yn [[2006]] de lesmetoade [[Studio F]] út en foar it fuortset ûnderwiis de metoade [[Freemwurk]].
 
De Afûk docht ek oan stimulearingsregelingen foar begjinnende Fryske skriuwers. Yn 2004 hat sede Afûk yn gearwurking mei it ynternettydskrift [[Doar]] de [[Junior Rely]] ynsteld, in skriuwerspriis foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis.
 
Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt [[Tomke]] oer it meartalich grutbringen fan bern en yn gearwurking mei [[Omrop Fryslân]] oan de tillevyzjetaalkwis [[Tûkelteammen]]. Yn [[2004]] hat de Afûk it projekt [[Frysk Erfskip]] tawiisd krigen.
 
Yn [[2006]] is út ein setúteinset mei it stal jaan fan it projekt [[Edufrysk]], Frysk leare fia ynternet. Yn [[2007]] is dêrfoar in pilot opset. Yn 2008 binne se úteinset mei it projekt. De earste berjochten binne hiel positief, minsken fine it leukaardich en dogge graach mei.
 
De namme ''Afûk'' wie oarspronklik de ôfkoarting fan ''Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje''. Mei it tanimmen fan it tal fan funksjes en it him ûntjaan fan in frijwilligersorganisaasje nei ien mei (mear) betelle meiwurkers is de ôfkoarting in namme wurden. Yn [[1938]] hat de [[Fryske Akademy]] him as in selsstannige organisaasje fan de Afûk losmakke.