Ofslútdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ja:締め切り大堤防; tekstwiziging
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
Al yn de 17e ieu waarden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk, mar yn die tiid bleau it by plannen; der waard oannaam dat it droechlizzen fan de binnensee technysk net-útfierber wêze soe. Dat feroare earst yn yn [[1886]]. Dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte, dy’t ûndersykje woe of de Súdersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie der ek lid fan en hy wie de dejinge dy't it plan foar it projekt makke. Yn [[1913]], doe’t Lely al minister fan Wetterstaat wie, waard ynpoldering yn it regearprogram set. Yn dy tiid wiene der noch in protte protesten, mar nei de wettersneed fan [[1916]] wie de tiid klear foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint dan ek akkoart.
 
Yn juny [[1920]] gie it projekt fan start. Der waard begong mei de oanlis fan de Amsteldjipdyk fan [[Noard-Hollân]] nei [[Wieringen]], dat yn dy tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begong de bou fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om fan fjouwer plakken ôf te bouwen. Fan de beide kanten ôf, yn [[Fryslân]] en Noard-Hollân, en fan it wurkeilan [[Breesân (wurkeilân)|Breesân]] ôf.
 
Op [[28 maaie]] 1932, om twa minuten oer ienen yn de middei, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it lêste gat yn de Ofslútdyk sletten. Fjouwer moanne letter, op [[20 septimber]] 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel wizige ta it Iselmar. Noch ris in jier letter waard op [[25 septimber]] [[1933]] de dyk iepene foar it ferkear.
 
Yn de Ofslútdyk sit krekt foar de Fryske kust in knik yn de dyk. Dy knik is ynboud om sa de útstream fan it Iselmar te fergemaklikjen. It slûzekompleks fan Koarnwertersân wettert ôf op de skeane geul fan de Middelgrûnen. It like de yngenieurs better om it slûzekompleks rjocht op de geul te pleatsen, omdat it wetter dan yn in rjochte line fuort streamt.
 
Oer de hiele wrâld is der noch altiten in soad bewûndering foar it fakmanskip wêrmei de Ofslútdyk boud is. De dyk waard boud sûnder [[kompjûter|kompjûters]]s en oare avensearre apparaten. De bou fan dizze dyk befêstige de posysje fan [[Nederlân]] yn de wetterboukunde.
[[Ofbyld:Afsluitdijk met standbeeld Lely.jpg|400px|border|rechts|thumb|''De Ofslútdyk aan de kant fan Noard-Hollân, mei it sT6anbyld fan Lely'']]
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
Oan de begjin fan de [[Twadde Wrâldkriich]], mei de [[Dútslân|Dútske]] oanfal op [[Nederlân]] yn [[maaie]] [[1940]], is der bot striid levere om de Ofslútdyk, dizze skermutselingen binne letter ferneamd wurden ûnder de namme [[Slach om de Ofslútdyk]]. De Dútsers hawwe út alle macht besocht om de Ofslútdyk oer te kommen, mar dit is net slagge.
 
Yn it [[Kazemattenmuseum]] by [[Koarnwertersân]] wurdt omtinken jûn oan dit barren.
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.stichtingafsluitdijk.nl Stifting Ofslútdyk]
* [http://www.deltawerken.com/De-Afsluitdijk/118.html De Ofslútdyk]
Rigel 30:
 
[[Kategory:Geografy fan Fryslân]]
[[kategoryKategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Bouwurk yn Fryslân]]
 
Rigel 46:
[[hu:Afsluitdijk]]
[[it:Afsluitdijk]]
[[ja:締め切り大堤防]]
[[ja:アフシュライトダイク]]
[[nds:Afslussdiek]]
[[nds-nl:Ofsluutdiek]]