Abdij fan Echternach: ferskil tusken ferzjes

gallery
No edit summary
(gallery)
[[Ofbyld:Iechternach Basilika.jpg|thumb|left|150px|The modern basilica in Echternach.]]
 
Echternach, oan de rivier de Sauer, hie yn de [[1e ieu]] in [[Romeinske Ryk|Romeinske]] filla. Yn de [[6e ieu]] wie dat lângoed yn hannen rekke fan de biskop fan Trier, dy't dêr in lyts kleaster boude. Yn [[698]] skonk [[Irmine]], dochter fan [[Dagobert II]], lân yn Echternach oaanoan de [[Northumbria]]anske misjonaris Willibrord, [[Biskop fan Utert]], om dêr in grutter kleaster te setten; hja beneamde Willibrord as earste abt. De kar foar Willibrord wie foar in part ynjûn troch syn reputaasje as bekearder fan heidenen (de ''Apostel fan de [[Friezen]]''), diels ek om't de biskopssit fan Utert troch (heidenske) Fryske oanfallen yn gefaar rekke wie. Echternach soe it earste Angel-Saksyske kleaster op it Jeropeeske kontinint wurde.
 
Willibrord koe de earste tsjerke yn Echternach ynwije yn [[700]] mei jildlike stipe fan [[Pepyn fan Herstal]]. Pepyn's soan, [[Karel Martel]], stifter fan de [[Karolingen|Karolingyske]] dynasty, liet syn soan [[Pepyn de Koarte]] yn [[714]] yn Echternach dope. Neist stipe fan de Karolingen waard Willibrord syn abdij ek skoarre troch [[Wilfrid]], mei wa't er yn [[Ripon]] tsjinne hie. Fierders slagge it Willibrord om anti-Ierske foaroardielen fan Wilfrid te feroarjen en krige doe ek steun fan in soad Ierske Muontsen dy't de rêchbonke fan it earste kleaster wurde soene.
* 1862 - 1944: Rekonstruearre basilyk
* 1953 - no: Moderne basilyk
 
<gallery>
 
Ofbyld:Willibrord-echternach.jpg|Stânbyld Willibrord yn Echternach
Ofbyld:Echternach Willibrord-Altar.JPG|''Willibrord-altaar yn de basilyk''
Ofbyld:Willibrod von Echternach Sarkophag.jpg|''Willibrord's grêf yn de krypte fan de basilyk''
</gallery>