Skûtsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
AST (oerlis | bydragen)
te wetter litten Aebelina tafoege
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gerben van Manen - It Hearrenfean.jpg|thumb|De Gerben van Manen, fan it Hearrenfean.]]
In '''skûtsje''' is in houten of stalenstielen [[tsjalk]] dy't eartiids boud waard foar it ferfier fan fracht oer it wetter yn [[Fryslân]]. Ofhinklik fan it seizoen waard meastal [[dong]], [[terpierde]], [[ierdappels]] en oare [[bulkguod]] laden. De skipper en syn famylje wennen ornaris oan board fan it skûtsje.
 
Skûtsjes binne boud fan de [[18e ieu]] ôf oant likernôch [[1930]]. De lingte bedroech 12 oan 20 m. De breedte hie ferbân mei de ôfmjittings fan [[brêge]]n en [[slûs|slûzen]] yn it fargebiet en wie trochstrings 3.5 m, maksimaal in meter as fjouwer. De boaten wienen boud om te silen en hienen oarspronklik gjin motor. Yn de [[20e ieu]], yn de rin fan [[jierren tweintich]] en [[jierren tritich]], krigen in soad skûtsjes helpmotoren, mar earst nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waarden de silen ferfongen troch motors. De skûtsjes ferdwûnen as frachtskip fan it wetter doe't de motor-binnenfeartskippen dy't wol hûnderten tonnen lading mei nimme koenen, harren rol oernamen. In soad skûtsjes waarden dêrnei omboud ta wenten op it wetter.