Ferskil tusken ferzjes fan "Moarre"

Gjin feroaring yn grutte ,  10 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(→‎Namme: ferw.)
''' Moarre''' is in [[terpdoarp]] yn de gemeente [[Dongeradiel]] en hat sa'n 240 ynwenners. Der wurdt wol tocht dat Moarre al inkele ieuwen foar de jiertelling ûntstien is.
 
Moarre wurdt meastentiids yn ien siketagelyk mei [[Ljussens]] neamd. It binne twalingtwilling doarpen. Sa hawwe dan ek mienskiplike foarsjenningen. Moarre is in greidedoarp en yn Ljussens is de bou it wichtichst. Se hawwe dan ek beide in oare skiednis en bouwize. Beide doarpen binne agrarysk. It [[molkfabryk]] "De Dongeradielen" fan [[1915]] is yn [[1973]] sletten.
 
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Moarre diel út fan de gemeente [[East-Dongeradiel]].
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Moarre tsjerke.JPG|right|thumb|250px|tsjerke fan Moarre]]
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieu]]. Yn de [[18e ieu]] binnehawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik 16e ieuske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert]].
 
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieu|16e]] oant [[18e ieu]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]].
 
Moarre hat ek noch ien fan de fjouwer oargels dy't makke binne troch [[Johann Michaell Schwarzburg]] út [[1740]]. De opdrachtjouster wie de widdo Jantsje Nannes Botma. It wapen fan har en har man binneis der dan ek der op oanbrocht.
Yn [[1989]] hat oargelmakkerij Bakker & Timminga de disposysje wer werom brocht sa as Schwarzburg dy oplevere hie.
 
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of Templum Domnini (de Tempel fan God). Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
 
Neffens de ''Staat van Aanbreng'' fan 1511, it register wêrútdêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan [[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.
 
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn [[1580]] namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
180

bewurkings