Arjen Roelofs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kepp.
No edit summary
Rigel 3:
==De húshâlding==
[[Ofbyld:Arjen Roelofs pleats.wiki.jpg|thumb|rigth|300 px|Dizze foto is fan 1941. De foarein waard troch mear as ien húshâlding bewenne. Nei 1950 is alles ôfbrutsen]]
Arjen Roelofs waard berne op de eardere [[Hommema-sate]] by Hijum. Arjen wie de jongste fan fjouwer jonges en twa famkes. Harren heit hierde Hommema-sate. It wie net in maklik bestean en de jonges waarden op de pleats oan it wurk setten. Allinne de âldste, Klaas, woe gjin boer wurde en hat foar stjoerman leard. DitDat slagge him net, it kin ek sa wêze dat er der dêr gjin brea yn seach, en doe is er dokter yn [[Seisbierrum]] wurden. Der wurdt wol tocht dat ditdat de oarsaak west hat dat syn bruorren Piter, Albert en Arjen niget oan wiskunde krigen. Se begûnen ek mei it bouwen fan ynstruminten. Harren heit wie der net sa wiis mei, mar harren mem stimulearre harren.
 
Nei it ferstjerren fan harren âlden, hawwe de trije bruorren, mei harren suster Antsje as húshâldster, de pleats oernommen. Gjinien fan harren is troud en oant harren dea ta binne se op Hommema-sate wenjen bleaun.
 
Neffens sa as der wol tocht wurdt, moat Arjen as man [[polio]] krige hawwe. Dêrtroch koewoe ien skonk net sa goed mear, en letter waard er foar it boerewurk ek minder geskikt. Hy koe him doe fansels al hielendal oan syn leafhawwerij wije. Ek syn oare bruorren dienen mei. Piter stie bekend as wiskundige en Albert wie klokkemakker. Piter en Arjen dienen ek oan waarkundige waarnimmings.
 
==De freonerûnte==
[[Eise Eisinga]] wie geregeld yn Hijum te finen en dy soarge derfoar dat de Frjentsjerter professor [[Johan Henri van Swinden]] ek in fêste besiker waard. Ek krige Arjen learlingen. Syn neef [[Roel Hessels Hommema]] en dy syn freon [[Rinse Bearts Gelder]] hawwe har oplieding yn Hijum krige. Fierders wurke Arjen in protte gear mei de ynstrumintmakker en boer [[Sieds Jehannes Rienks]] út [[Hallum]]. Der wurdt wol tocht dat Arjen foar Rienks de measte berekkenings útfierd hat, ûnderoarenûnder oaren ek foar de teleskopen foar Leien en Utert, dêr't Rienks yn 1818 opdracht foar krige.
 
Arjen rekkenne yn it foar út hoenear at der [[sinnefertsjustering]] wienen. By de sinnefertsjustering fan [[7 septimber]] [[1820]] hie Arjen dan ek gâns in selskip by him op it hiem. Syn bruorren wienen jierren lyn al ferstoarn, mar yn stee stie er dêr mei de gûverneur fan Fryslân, jonker [[I.A Aebinga fan. Humalda]], professors út Frjentsjer en mei Arjen syn eigen meiwurkers. Ek Eise Eisinga wie der op ôfkommen.
Rigel 18:
 
===Oflieders===
It wie faak sa dat der in pleats troch it ûnwaarwjerljocht troffen waard. Arjen hie it ferskynsel tonger bestúdearrebestudearre, ûnder oaren mei in [[draak]]. Sa kaam er derta en betocht in [[ôflieder]]. Hy liet de ôflieders troch Rienks yn Berltsum meitsje, en se waarden foar 30 gûne ferkocht.
 
===Bettere seediken===
Nei de [[febrewarisfloed]] fan [[1825]] waard der besjoen oft de diken net better koenen. Arjen Roelofs die oan it provinsjaal bestjoer in foarstel om de diken oars oan te lizzen. De diken wienen frij steil en waarden beskerme troch pealenpeallen. DizzeDy pealenpeallen waarden oantaast troch de pealwjirm. Roelofs stelde foar om de pealenpeallen ôf te skaffen en oer te gean op diken mei in gloaiïng en dy mei fêste ierde te bedekken. Of Arjen bekend wie mei de ideeën fan [[Willem Loré]] is lykwols net dúdlik.
 
== Ferstjerren ==
Op 11 maaie 1828 ferstoar de 'boereprofessor' nei in lange sykte. Hy waard by syn bruorren en suster begroeven op it hôf te Hijum. De wei dy't fan Aldeleie nei by de pôle rint dêr't Hommema-sate stie, hjit nei him ''Arjen Roelswei''. Ek de is de Hijumer skoalle nei him neamd.
 
== Hânskriften ==
Roelofs hie it fierder bringe kinnen as hyer it brocht hat. Syn probleem wie dat hyer troch en troch yndividualist wie. Fan boeken makke er gjin gebrûk, hy berekkeberekkene it leaver sels. Boppedat hie er it tige nei ‘t sin yn Hijum. Hy moat it nedige skreaun hawwe oer syn wurk, mar om it út te jaan fielde er neat foar.
 
Yn 1829 kaam der yn Frjentsjer in boekje út fan syn kunde, boer [[Worp van Peyma]] út Ternaard, mei as titel ''Levenberigten van Arjen Roelof Roelofs''. Dy hat hjir brûkgebrûk meitsje kinnen fan de folsleine hânskriften fan Roelofs. It measte dêrfan is sûnt wei wurden. Der moat noch wat fersille by de famylje lizze, ek Tresoar hat in kolleksje en guon ynstituten hawwe noch wat.
 
== Keppeling om utens ==