Ferskil tusken ferzjes fan "F.F.J. Bernlef"

Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]].
 
Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroarings meimakke. In konstante wie mei nammenfoaral de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande woene en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoarmeiïnoar hawwe woene. Yn [[1956]] krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'', it earste nûmer hie noch in oare namme ''De Klok''.
 
Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn [[1971]] is Bernlef yn it pân ''De Pizel'', Tuinstraat 22, oan de râne fan de binnenstêd fan Grins lutsentein en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.
 
==Hjoeddeisk==
181

bewurkings