F.F.J. Bernlef: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 12:
Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân, mei as meast slagge foarbyld de Fryske [[De Kameleon|Kameleonfilm]]. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende typen fan minsken, ôfkomstich út likegoed Fryslân sels as oare parten fan de wrâld. Bernlef hat dêrmei in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.
 
De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed rinnen bliuwentrochrinnen fan de feriening en it behear fan harsyn finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan ''De Harpe''. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas [[fuotbal]], [[keatsen]] of [[klaverjassen]].
 
It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch trije soasjûnen yn 'e wike. Leden en oare yntresearre minsken kinne del komme foar in drankje en praatsje oan de bar, om te spikerslaan en om gesellich wat te dûnsjen! FierderFierders wurdwurdt der fjouwer kear yn’t jier in kamp organisearre, is der regelmjittiggeregeld in sprekker op de Pizel om te praten oer aktuele en ynteressante ûnderwerpen en wurde der temafeesten en sportive aktiviteiten op tou setten.
 
==Federaasje==