Feanwyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto's der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:Aldskoat Feanwyk 69.JPG|thumb|right|300px|<small>''Feanwyk'' (2010)</small>]]
[[Ofbyld:It Oranjewâld grêfkelder Van Bienema 66.JPG|thumb|right|300px|<small>''Grêfkelder Van Bienema'' (2010)</small>]]
 
'''Feanwyk''' (''Ned: Veenwijk'') is in grut gebou oan de Tjeerd Rosleane yn [[Aldskoat]]. It is omtrint [[1763]] bouwe litten troch Fokke Bienema en syn frou Tetsje Epkes Roos. Hja wiene troch apteekjen en ferfeanting ryk wurden.
 
Harren soan Epke Roos van Bienema ([[1767]]-[[1810]]) en syn frou Sara Suzanna Bergsma út [[Dantumawâld]] lieten Feanwyk yn [[1798]] fergrutsje en ferheegje. Efter it gebou waaard in hege bult opsmiten, it saneamde [[Woutersberchje]] dat in prachtich útsjoch joech op de omkriten. Fierder liet er tusken [[1807]] en [[1810]]. yn'e bosk ek noch in grêfkelder foar de famylje bouwe. <br>
In diel fan it ynterieur is bewarre bleaun: in diorama en muorredekoraasjes (ien mei jachtattributen en ien mei tekens fan de [[FrijmitslerijFrijmitselerij]] der op). Fan de bûtekant fan it gebou binne gjin ôfbylden.
 
In lettere Epke Roos fan Bienema ([[1811]]-[[1901]]), de eigner fan [[Herema State (It Hearrenfean)]] oan de dyk tusken [[It Hearrenfean]] en [[Aldskoat]] ferkocht it omtrint [[1846]] oan Jan Berends Wouters ([[1795]]-[[1873]]) dy't dêrfoar noch op [[Jachtlust]] wenne.
Line 10 ⟶ 13:
Dizze stifting liet Feanwyk ôfbrekke om op de fûneminten in nij Feanwyk te bouwen yn [[1901]]. It gebou waard yn Jugendstil oplutsen yn bakstien mei sier- en kordonbannen. Yn [[1927]] waard der noch in westlike fleugel oanboud.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
===Boarne:===
* {{Aut|R. Mulder -Radetsky en Barteld de Vries}} - ''Geschiedenis van Oranjewoud (1989)''
}}
 
[[Kategory:Bouwurk yn It Hearrenfean]]