Ferskil tusken ferzjes fan "Feepest"

185 bytes grutter ,  10 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(ik haw wat lytse wizigings oanbrocht yn twa sinnen)
'''Kowestjerte''' kaam yn de [[18e ieu]] in soad foar. De besmetlike sykte gie tusken [[1713]] - [[1719]], [[1744]] - [[1767]] en [[1768]] - [[1786]] yn trije grutte weagen troch it lân. Yn de earste weach giene mear as 61000 kij dea. Stadichoan waard de sykte bestriden, benammen troch ynintsjen. De [[Boazum]]er predikant [[Eelko Alta]] hat hjir tige war foar dien. Yn de jieren nei de twadde [[feepest]] fan [[1744]] wurden de kij helle út Dútslân en Denemarken. Dêrtroch feroare it stadichoan fan readbûnte nei swartbûnte kij.
 
As yn 1713 de pest om [[Amsterdam]] hinne útbrekt, keapje in soad Hollanners yn Fryslân skiep om it lân te beweidzjen. Mar dan blykt de sykte ek al yn Fryslân te wêzen. De Steaten fan [[Fryslân]] ferbiede dan it ynfieren fan fee út [[Hollân]] en [[Oerisel]]. Ek swalkers, dy't ommers faak yn it hea sliepe wurde keard om de fersprieding tsjin te hâlden. Deade kij wurde in ein bûten de doarpen begroeven yn djippe gatten en bedekt mei ûnleske [[kalk]]. Ek fee fan besmette stâlen mei net ferkocht of ferfierd wurde. Op de hikke of de stâldoar komt in swart krús te stean. Dochs besykje in soad boeren oan de maatregels te ûntkommen, diels út ûnwittendheid, se witte net krekt hoe't de fersprieding yn inoar stekt en foar in soad minsken is it de straf fan god. Boppedat is der grutte earmoede. Earst mei it fee net slachte wurde en ek de hûden meie net ferhannele wurde. As it letter tastien wurdt is de priis fan hûden in hiel ein sakke.
 
Yn it lânskip stean noch ferskate ''[[pestboskje]]s'' as stille tsjûgen yn it lân. Dêr binne soms hûnderten kij bedobbe. Ek yn de [[19e ieu]] waard dat noch dien by feesykten as [[tuberkuloaze]], [[tongblier]] en [[myltfjoer]]. Dizze lêste sykte kin nei hûndert jier noch besmetlik wêze.
 
[[nl:veepest]]
 
[[Kategory:Feehâlderij]]
2.750

bewurkings