Feepest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Kowestjerte''' kaam yn de [[18e ieu]] in soad foar. De besmetlike sykte gie tusken [[1713]] - [[1719]], [[1744]] - [[1767]] en [[1768]] - [[1786]] yn trije grutte weagen troch it lân. Yn de earste weach giene mear as 61000 kij dea. Stadichoan waard de sykte bestriden, benammen troch ynintsjen. De [[Boazum]]er predikant [[Eelko Alta]] hat hjir tige war foar dien. Yn de jieren nei de twadde [[feepest]] fan [[1744]] wurden de kij helle út Dútslân en Denemarken. Dêrtroch feroare it stadichoan fan readbûnte nei swartbûnte kij.
 
As yn 1713 de pestfeepest om [[Amsterdam]] hinne útbrekt, keapje in soad Hollanners yn Fryslân skiep om it lân te beweidzjen. Mar dan blykt de sykte ek al yn Fryslân te wêzen. De Steaten fan [[Fryslân]] ferbiede dan it ynfieren fan fee út [[Hollân]] en [[Oerisel]]. Ek swalkers, dy't ommers faak yn it hea sliepe wurde keard om de fersprieding tsjin te hâlden. Deade kij wurde in ein bûten de doarpen begroeven yn djippe gatten en bedekt mei ûnleske [[kalk]]. Ek fee fan besmette stâlen mei net ferkocht of ferfierd wurde. Op de hikke of de stâldoar komt in swart krús te stean. Dochs besykje in soad boeren oan de maatregels te ûntkommen, diels út ûnwittendheid, se witte net krekt hoe't de fersprieding yn inoar stekt en foar in soad minsken is it de straf fan god. Boppedat is der grutte earmoede. Earst mei it fee net slachte wurde en ek de hûden meie net ferhannele wurde. As it letter tastien wurdt is de priis fan hûden in hiel ein sakke.
 
Yn ús tiid wurde boeren noch wolris kompensearre, mar eartiids barde dat hast net. Se hoegden allinnich gjin [[hoarnjild]] te beteljen foar deade bisten en betelllen gjin floreenbelesting. De stjerte fan fee wie ekstra heech omdat it fee net sa'n goede kondysje hie troch wiete riten en broei.