Terra nigra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
fw
Rigel 1:
[[File:Terra nigra-Gefäße in Gießen.jpg|thumb|Romeinsk ''Terra Nigra'', 1e oant 5e ieu]]
 
'''Terra nigra''' (swarte ierde) is Romeinsk [[ierdewurk]] mei in (meast glânzjend) swart of donkegriisdonkergriis oerflak. It waard nei Fryslân ymportearre en is yn terpgrûn weromfûn.
 
It swarte ierdewurk waard makke troch de soerstofoanfier yn de [[ûne]] ôf te sluten en it ierdewurk te 'rikjen'. It oerflak fan terra nigra waard glêd en glânzjend troch it ûnder te dompeljen yn in klaaibrij of troch it te polysten. Faak is it fersierd mei in ienfâldige fersiering fan redstimpels. Terra nigra-ierdewerk sjocht der meastentiids Germaansk út. It terra nigra-ierdewurk fan de [[4e ieu|4e]] en [[5e ieu]] bestiet benammen út wiidmûlige bekers of skalen op in lyts poatsje. Nei alle gedachten waarden de fuotskalen as drinkskaal brûkt. It wurdt ek wol yn grêven fûn, de ferstoarne hie ommers yn it hjirneimels ek iten en drinken nedich.
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{EvF|Terra nigra}}
}}
 
[[Kategory:Romeinen]]