Sûkereiplanten (skaai): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:CichoriumIntybus-bloem-kl.jpg|thumb|250px|right|Sûkerei]]
[[Ofbyld:Sûkereifabryk Twizel 1900.jpg|thumb|''Personiel fan sûkereifabryk yn Twizel, ±1900'']]
Line 13 ⟶ 12:
De '''Sûkereitylt''' begûn yn [[Fryslân]] yn de [[18e ieu]]. It wie it tiidrek dat kofje hieltyd djoerder waard troch oarloggen en blokades dêroan anneks. Opmerklik is dat de tylt fan kofjesûkerei (''Cichorium intybus var. sativum'') nei de delfal fan [[Napoleon]], dat nei it ferdwinen fan hannelsblokkades, krekt mear opgong makke.
 
De sûkereitylt waard yn Fryslân propagearre troch [[Petrus Adrianus Bergsma|P. A. Bergsma]] en dûmny [[Johannes Henricus Niewold|J. H. Niewold]] fan [[Wergea]], dy't as earste sûkerei boude enrustere yn Fryslân. Yn 1798 hie Jan Bokma te Ljouwert in sûkereifabryk; it bedriuw hat oant 1963 bestien.

De sûkereitylt naam meastal net mear as trije persint fan it boulân yn, fral yn [[It Bildt]], [[Ferwerderadiel]], [[West-Dongeradiel]] en [[Dantumadiel]]. Dochs wie it de hiele 19e ieu 75 - 95 % fan de Nederlânske produksje.
 
De sûkereitylt fergrutte de wolfeart fan de lytse boeren en foaral dy fan arbeiders: mei perseelsjebou koene sy de wurkkrêft fan harren húshâldings benutsje.Fabrikanten joegen wol foarskotten op de rispinge, mar it minste risiko joech it gebrûk fan los lân yn dielpacht: it risiko wie dan spraat en de ferbou koe regele wurde neffens de wikseljende prizen, dy't troch de bûtenlânske merk diktearre waard.
 
De fabriken kochten de wiete woartels, ferwurken dy yn de iest (droegerij) en de branderij en ferstjoerden it einprodukt as kofjesurrogaat meast nei [[Ingelân]] en [[Dútslân]].
 
Yn de [[20e]] ieu rekke de ferbou yn it delgean, útsein in oplibbing yn de Earste- en Twadde Wrâldkriich. Tusken de oarloggen wie der yn Fryslân noch sa'n 645 ha sûkerei (yn hiel Nederlân 1015 ha) mei in opbringst fan sa'n 25.000 kg woartels; yn 1950 noch 1 ha fral yn de Wâlden (Nederlân 404 ha mei in opbringst fan 40.000 kg).
 
==Soarten==
Line 27 ⟶ 30:
* Grienlof : ''Cichorium intybus L. var. foliosum''
* Radicchio : ''Cichorium intybus L. var. foliosum''
 
De in het wild voorkomende plant is overblijvend, de cultuurplant tweejarig. De stamvorm van witlof en cichorei zou Cichorium intybus L. var. silvestre zijn (figuur 1).
 
== Keppeling om utens ==