LAB: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dêr't
No edit summary
Rigel 10:
Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LAB en fersoarge dit bedriuw fanút festigingen yn Ljouwert en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] de linetsjinsten mei ûngefear 35 autobussen en 65 personielsleden. Dêrneist wie de LAB ek aktyf as [[touringcar]]bedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders NTM, NOF, [[Autobedriuw "De Súdwesthoeke"|ZWH]] en [[Ljouwerter Autobus Undernimming|LABO]] - oansluten by de reisorganisaasje ''Cebuto''.
 
Op 1 jannewaris 1971 gie de LAB op yn de [[FryskeFriese Autobus MaatskippijMaatschappij|FRAM]] troch in konstruksje dêr't de LAB earst by oergie nei de LABO, dy't sels wer oernomd wie troch NS-dochter NOF. It personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek 34 LAB-bussen - fan de merken [[Mercedes-Benz]], [[DAF (fabrikant)|DAF]] en [[British Leyland|Leyland]] en foar it meastepart mei [[karrossery]]en fan de Fryske busbouwers [[Hainje]] en [[Smit De Jouwer]] - waarden troch de FRAM oernomd.
 
Hjoed-de-dei (2007) wurde alle eardere LAB-linen eksploitearre troch [[Connexxion]], dat de [[oanbesteding]] wûn fan de foarrige [[konsesje (fergunning)|konsesjehâlder]] [[Arriva]].