Jiddu Krishnamurti: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - oars: vi:Jiddu Krishnamurti
No edit summary
Rigel 5:
Krishnamurti waard op [[12 maaie]] [[1895]] berne yn in lyts stedsje yn Súd-Yndia, tichteby Madras. As it achtste bern fan in Brahmin famylje en ek noch in jongen, waard hy Krishnamurti neamd, in earbetoan oan Sri Krishna, in [[hindoeïsme|hindû]] godlikheid dy't ek in achtste berne wie. Syn heit wurke op it haadkertier fan de [[Teosofyske Ferieniging]] en doe't Krishnamurti âlve jier âld wie, waard hy ûntdekke troch [[C.W. Leadbeater]] fan de "Theosophical Society". Dizze beweging wie populêr yn de earste desennia fan de foarige ieu, en wie in ynternasjonale organisaasje dy't him dwaande hâlde mei ferbettering fan de minskheid fia [[teology]] en [[filosofy]]. De organisaasje waard late troch [[Annie Besant]], in [[Feriene Keninkryk|Ingelske]] parlemintarjer, skriuwster en [[Feminisme|feministe]].
 
Noch yn datselde jier waarden Kristnamurti en in broer fan him tawiisd oan Annie Besant en krige de fâdij oer de jongens. Hjirnei waard hy troch de teosofyske beweging ''De Oarde fan de Stjer yn it Easten'' oer de hiele wrâld promote as de nije wrâldlearaar, wêrby't sein waard dat yn him de ynkarnaasje werom te sjen wie fan de [[Maitreya Bodhisattva]].
 
== Ynfloed as wraldlearaar ==