LAB: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de keppeling nei de Fryske Autobusmaatskippij oanpast.
Rigel 1:
De [[Fennoatskip ûnder firma|VF.o.f.]] '''Ljouwerter Auto Bedriuw (LAB)''' yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] wie in bedriuw dat fan [[1920]] - [[1970]] [[iepenbier ferfier]] mei [[autobus]]sen fersoarge yn it westlik diel fan [[Fryslân]].
 
== Skiednis ==
Oprjochter wie Frans Kimp, dy 't fan 1920 ôf mei ien bus groepsferfier fersoarge en yn linetsjinsten starte fan Ljouwert nei [[Holwert]] (yn oansluting op de [[fearboat]] nei [[It Amelân]]) en [[Snits (stêd)|Snits]]. Der kamen twa kompanjons by, sadat de firma yn 1927 ''Kimp, De Waard & Boontje'' hjitten gie, mar al gau waard de namme ''Ljouwerter Auto Bedriuw'') brûkt. Oprjochter Kimp ferliet it bedriuw yn 1929.
 
Troch oername fan in oantaltal oare busûndernimmings (as lêste de fa. ''Boonstra'' út [[Wommels]] yn 1941) en in lineruil mei de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij|NTM]] yn 1949 krige it LAB-ferfiersgebiet syn úteinlike foarm yn de fjouwerhoeke [[Harns (stêd)|Harns]] / Ljouwert / Snits / [[Makkum]], nei it westen begrinze troch de [[Iselmar]]. De ferbining nei Holwert ( - It Amelân) foel dêr bûten; dizze wie yn 1942 oerdroegen oan de [[Noard-East-Fryske Autobusûndernimming|NOF]] yn [[Dokkum]].
 
Troch LAB-gebiet ried nei de iepening fan de [[Ofslútdyk]] ek de busline fan [[Nederlânske Spoarwegen|NS]]-[[dochterûndernimming]] [[Algemiene Transport Undernimming|ATO]] fan Ljouwert oer Harns nei [[Alkmaar]] mei in sydtûke fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] oer Snits. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden dizze linen, ûndanks protest fan de LAB, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en [[Nederlandsche Auto Car Onderneming|NACO]], dy't dêrmei twa haadferbiningen binnen it oan de LAB tawiisde ferfiersgebiet hienen.
Rigel 10:
Yn de jierren nei de oarloch konsolidearre him de posysje fan de LAB en fersoarge dit bedriuw fanút festigingen yn Ljouwert en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] de linetsjinsten mei ûngefear 35 autobussen en 65 personielsleden. Dêrneist wie de LAB ek aktyf as [[touringcar]]bedriuw en hie him - mei de oare Fryske ferfierders NTM, NOF, [[Autobedriuw "De Súdwesthoeke"|ZWH]] en [[Ljouwerter Autobus Undernimming|LABO]] - oansluten by de reisorganisaasje ''Cebuto''.
 
Op 1 jannewaris 1971 gie de LAB op yn de [[FrieseFryske Autobus MaatschappijAutobusmaatskippij|FRAM]] troch in konstruksje dêr't de LAB earst by oergie nei de LABO, dy't sels wer oernomd wie troch NS-dochter NOF. It personiel kaam yn tsjinst fan de nije ûndernimming. Ek 34 LAB-bussen - fan de merken [[Mercedes-Benz]], [[DAF (fabrikant)|DAF]] en [[British Leyland|Leyland]] en foar it meastepart mei [[karrossery]]en fan de Fryske busbouwers [[Hainje]] en [[Smit De Jouwer]] - waarden troch de FRAM oernomd.
 
Hjoed-de-dei (2007) wurde alle eardere LAB-linen eksploitearre troch [[Connexxion]], dat de [[oanbesteding]] wûn fan de foarrige [[konsesje (fergunning)|konsesjehâlder]] [[Arriva]].