Fryske Autobusmaatskippij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:FRAM 5509 Heerenveen 06-12-05.JPG|300px|thumb|right|[[British Leyland|Leyland]]-[[Den Oudsten]] bus 5509 fan de FRAM, in eartiiske stêdsbus út Hilversum (eks-[[Nederlandsche Buurtspoorweg-Maatschappij|NBM]], eks-[[Centraal Nederland]], eks-[[Haachsk Bus Museum]]), yn It Hearrenfean.]]
De '''Fryske Autobusmaatskippij''' (''Friese Autobus Maatschappij'', FRAM), fêstige op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], wie in [[iepenbier ferfier]]bedriuw dat op [[1 april]] [[1971]] ûntstien wie út in [[Fúzje (ekonomy)|fúzje]] fan de [[NOF]] yn [[Dokkum]] - wêr't koart dêrfoar de [[Leeuwarder Autobus Onderneming|LABO]] en de [[Ljouwerter Auto Bedriuw |LAB]], beide út [[Ljouwert]], yn opnommen wiene - mei de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij|NTM]] op It Hearrenfean. Op [[1 jannewaris]] [[1974]] kaam dêr it [[Autobedriuw ZWH|ZWH]] yn [[Balk (plak)|Balk]] by en op 1 jannewaris [[1979]] ek noch de linetsjinsten fan de [[ESA]] út [[Mearum]].
 
It ferfiersgebiet bestie út de hiele provinsje [[Fryslân]] (mei de [[Waadeilannen]] [[Flylân]], [[It Amelân]], [[Skylge]] en [[Skiermûntseach]]), súdwest-Grinslân, linen nei [[Assen]] en [[Meppel]] en in part fan de [[Noardeastpolder]]. Teffens waard er yn kombinaasje mei de [[Noord-Zuid-Hollandsche Stoomtramweg-Maatschappij|NZH]] riden fan Ljouwert fia de [[Ofslútdyk]] nei [[Alkmaar]] yn Noard-Hollân.