LAB: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de keppeling nei de Fryske Autobusmaatskippij oanpast.
No edit summary
Rigel 4:
Oprjochter wie Frans Kimp, dy 't fan 1920 ôf mei ien bus groepsferfier fersoarge en yn linetsjinsten starte fan Ljouwert nei [[Holwert]] (yn oansluting op de [[fearboat]] nei [[It Amelân]]) en [[Snits (stêd)|Snits]]. Der kamen twa kompanjons by, sadat de firma yn 1927 ''Kimp, De Waard & Boontje'' hjitten gie, mar al gau waard de namme ''Ljouwerter Auto Bedriuw'') brûkt. Oprjochter Kimp ferliet it bedriuw yn 1929.
 
Troch oername fan in tal oare busûndernimmings (as lêste de fa. ''Boonstra'' út [[Wommels]] yn 1941) en in lineruil mei de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij|NTM]] yn 1949 krige it LAB-ferfiersgebiet syn úteinlike foarm yn de fjouwerhoeke [[Harns (stêd)|Harns]] / Ljouwert / Snits / [[Makkum]], nei it westen begrinze troch de [[Iselmar]]. De ferbining nei Holwert ( - It Amelân) foel dêr bûten; dizze wie yn 1942 oerdroegen oan de [[Noard-East-Fryske Autobusûndernimming|NOF]] yn [[Dokkum]].
 
Troch LAB-gebiet ried nei de iepening fan de [[Ofslútdyk]] ek de busline fan [[Nederlânske Spoarwegen|NS]]-[[dochterûndernimming]] [[Algemiene Transport Undernimming|ATO]] fan Ljouwert oer Harns nei [[Alkmaar]] mei in sydtûke fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] oer Snits. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden dizze linen, ûndanks protest fan de LAB, oerdroegen oan twa oare NS-dochters, NTM en [[Nederlandsche Auto Car Onderneming|NACO]], dy't dêrmei twa haadferbiningen binnen it oan de LAB tawiisde ferfiersgebiet hienen.