Wintersport: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Wintersport
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 mrt 2010 om 13.08

‘’’Wintersport’’’ is een sammelnamme foar foarmen fan sport dy’t as wedstriidsport, rekreaasje sport as as fakânsjeferdivedaasje op it iis as in ‘e snie utoefene wurde.

Skiednis

De measte wintersporten binne ûntstien as alternatyf ferfier yn de wintermoanen as de dyken en farweien net mear op normale manier begeanber wiene. Sa wurd der al ieuwen reedriden en prikslyde om iisflakten makliker oerstekke te kinnen. In ferin fan tiid begûn hja dizze alternatyfe foarmen fan ferfier ek foar rekreatyfe doeleinen te brûken. Sa waarden de eerste koartebaanwedstriiden voor reedriders al rûn 1800 fereden en waarden der ek wedstriiden foar prikslyders hâlden, faak sels letterlyk foar spek en beane.

it skye ûntstie foaral yn de alpenlanen en yn de skandinavyske lannen. Hjirtroch is er dus ek in ferskil ûntstien tusken it alpineskye en noards-skye. Al wurdt de sky ûntwikkeling rûn 1860 yn de Noarske regio Telemark sjoen as de bertegrûn fan it skye as sport.

De toeristyske wintersport ûntstie foaral yn de alpen om de ryke bûtenlanners te fermeitsjen, St. Moritz yn Switserlân wurd sjoen as bertegrûn fan de wintertoerisme ein 19e ieuw. in hoteleigner wist een oantal Ingelske simmergasten te oertsjoegen ek ris yn ‘e winter te komen. Het wintersport toerisme is al jieren fan grut belang foar de toeristyske sektor yn ‘e alpenlannen en is al lang net mear allinne fuortlein foar de ryke boargers.

Wintersport yn Fryslân

Yn Fryslân kinne jo ek oan wintersporten dwaan, so binne der yn Fryslân hast yn elk plak wol in natoeriisbaan te fynnen, Ek had Fryslân twa keunstiisbanen de 400 meter baan Thialf yn it Hearenfean en de 200 meter baan Yshal Ljouwert yn Ljouwert.

Waneart der yn de wintermoannen in goeie froastperioade aonbrekt kin der ek op bûtenwetter gereden en slyde wurde. Op eigen gelegenhyd mar der kin dan ek meidien wurde oan organiseare toertochten. De ôfstannen fan san toertocht kin fariearje fan 10 oant 200 km. De tochten liede hja somtiden troch gebieten dy’t oars net as muoisum tagankelik binne.

Terminology

Natoeriisbaan

Een natoeriisbaan is in iisbaan mei natuurlyk beferzen iis. Dit hâld al yn dat er allinen op riden as slyde wurde kin as it iis sterk genoch is nei in pear dagen fan froast.

Keunstiisbaan

Een keunstiisbaan is in iisbaan mei kuenstmjittig aanmakke iis. Dizze iisbaan kin sawol yn de bûtennloft lizze as oerdekt danwol healoerdekt wêze. It grutte foardiel fan in keunstiisbaan is dat der gjin perioade fan froast nedig is om er op ride en slidzjen te kinnen, ek de iiskwaliteit kin beter regulearre wurde.

Skypyste

in skypiste ek wol in pyste neamd is in markearre soane op ‘e flanken fan in berg wer’t hja skye kinne. Meatstentiids hat hja de snie op sa’n pyste bewurke sadat der riddelyk feilige, snielaach ûntstiet wêr sûnder in soad risiko’s skyed wurde kin.

in oersjoch fan wintersporten

Sniesporten

  • Alpineskye: It Alpineskye is in foarm fan it skyen dy’t yn de alpenlannen ûntstien is. Binnen It Alpineskye binne der fiif foarmen te ûnderskieden: de slalom]], de reuzeslalom , de Super G, de ôfdaling en de Alpine-kombinaasje
  • Belslydjeien: Is it mei in belslyde sa snel mooglik in bepaalde ôfstân troch de snie ôflizze.
  • Langlaufe: By it langlaufen moat der in Trajekt ôflein wurde. der binne twa stylen fan rinnen: ‘de klassieke styl’, hjirby rint hja ûntersteunt troch twa skystokken. De ‘frije styl’ liket op de reedriidtechnyk; hja doche dyt mei, en somtiden sûnder stokken. in route foar langlaufers hjit in loipe. By de klassieke styl binne dat der twa spoaren.
  • Skânsspringen: De dielnimmers skye fan in skâns ôf, en probearje dêrby sa fier mooglik te springen.

Iissporten

 
Koartebaanriden
  • Iishokky en Slidehokky: Iishokky is jn teamsport die wurd spile op it iis. It is de bedoeling om de puck yn de goal fan de tsjinstanner te krijen.
  • Iis-speedway: iisspeedway is een tak fan de motorsport werby mei motoren op in iisbaan reest wurdt.
  • IIs sile IIs sile is in foarm fan silen op befearzen marren hjirby brûkt hja in boat wêr’t redens ûnder set binne, de boatjes kinne snelheden fan rom 100 km per oere behelle wurde.
  • Koartebaan riden : It Koartebaan riden is in foarm fan baanriden dêr’t de baan mar ien kear ride wurdt.
  • Keunstriden: It keunstriden is in sportyf barren werby solisten, pearen en groepen reedriders rotaasjes, sprongen en oare bewegingen op it iis meitsje, dat meastal ûnder begelyding fan muzyk wurdt uitfierd, dit wurdt de “kür” neamt.
  • Langebaan riden: It langebaan riden is in foarm fan baanriden dêr’t de baan yn omgongen ride wurdt. It langebaan riden wurdt beoefenne op in iisbaan fan 400 meter. Binnen it langebaan riden binne der ferskate foarmen mei elts har eigen ôfstannen. De sprint bestiet út de 500 en 1000 meter. De middenôfstân de 1500 en de langere ôfstannen 3000, 5000 en 10. 000 meter. De combinatie van deze afstanden wordt het allround riden neamd hjirby wurdt fan alle verreden ôfstannen een klassemint opstelt werby alle ôfstannen likke swier meitelle. Dêrnêst is er nog de Ploege efterfolging.
  • Maratonriden: Maratonriden is in foarm fan groepstart reedriden, oer grutte ôfstân, riden yn omgongen op keunstiis, of yn omgongen of tochten op natueriis. De bekinste marathon wedstriid fan Fryslân is de Alvestêdetocht dit is in tocht dy’t net bestiet ut rûntjses fan in bepaalde ôfstân, mar is echt in rûntsje fan 200 km, de alvestêdetocht kin allinne vereden wurde as it iis op de gehiele route sterk genôch is.
  • Prikslydzje: Prikslydzje is it slydzjen oer it iis, mei in prikslide.. Dit bart trochgeans op in 400 meter baan en is derom goed te fergelykjen mei it koartebaan riden en it langebaan riden.
  • Pronkriden: By it pronkriden giet it erom om paersgewiis in sa moai mooglike riidslag sjen te litten.
  • Shorttrack: Shorttrack is in groepstart-foarm fan it reedriden. Der wurdt riden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei fan 4 oant 6 dielnimmers tagelyk. Letterlik betsjut de namme “Koartebaan”, mar it is net deselde sport as it Koartebaan fan it baanriden.