Floris Foeyts: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Floris Foeyts''' ( ? - [[1566]] ) wie ien fan de kompanjons dy't yn de [[16e ieu]] de [[Skoatterlânske Kompanjy]] oprjochte yn [[Skoatterlân]].
 
Hy wie in begoedige Utertse patrysjer, mei wa't [[Piter Dekema|Pieter van Dekema]] kontakt opnaam. Hy hearde ta de jildsjitters by de oprjochting fan de kompanjy, wêrfan de akte op [[24 july]] [[1551]] yn Utert tekene waard. Dêrfoar hie hy al te krijen hân mei Van Cuyck by ferfeantingen yn [[Utert (stêd)|Utert]] dy't troch gebrek oan jild beëinige waarden. It begjinkaptaal fan de Kompanjy wie 22.000 [[karolusgûne]]n. Yn [[1552]] waard it útwreide ta 32.400 karolusgûnen. Hjiryn hienen Van Dekema en Foeyts elk 1/4 oandeel en Van Cuyck 1/2.
Van Dekema die de oankeapen fan feangrûn (mei [[Melchior de GroteGrutte]] fan Aldskoat) en hie de deistige lieding. Hy krige hjirfoar 22 stuorren deis. By de oankeapen waard gemiddeld 3 karolusgûne de "roede" betelle. Nei Peaske [[1553]] waarden net folle oankeapen mear dien, omdat it kapitaal op wie.
 
Foeyts ferstoar yn 1566. Syn widdo Emmeke Lammen hat syn oandeel oan har ferstjerren yn 1599 ta foar har rekkening hân. Yn 1568 wienen haad fan de Foeyts Kompanjy de sweager fan Foeyts, Isbrant Lamm en dy syn skoanheit JanBogaert de Oude, wylst in oar famyljelid, Jacob Dedel, ek wol as sadanich neam wurdt. Tusken [[1621]] en [[1625]] binne de besittingen fan Foeyts ferkocht.