Gitersken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Tynje -> De Tynje
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
De ynfloed fan de Gitersken is noch altyd te merkbiten. Se hienen net allinnich ynfloed op it lânskip mar ek op de gearstalling fan de befolking. In soad efternammen komme fan dizze "gastarbeiders" út dy hoeke fan Oerisel: Krikke, Knobbe, Knol, Kroes, Dam, Groen, Vonk, Poepjes, Wind, Meester, Vos, Snijder, Toering, Akkerman, Ruiter, Ketellapper, Mast of Otter. Ek troch it ferneamen fan de âlden kamen in soad foarnammen nei Fryslân: Aaltje, Grietje, Margje Geertje of Annigje en foar jonges Albert, Roelof of Wieger. Mar ek namen se de taal fan dy kanten mei, it "Turftraperstaaltsje" beynfloede de taal yn plakken as [[Bantegea]], [[Lúnbert]] en [[Tsjalbert]].
 
Doe't it [[heechfean]] ôfgroeven wie, wie it [[leechfean]] oan bar. Mei de Gitersken kamen ek minsken út Drintske doarpen as Wanneperveen nei de gritenijen [[Haskerlân]] en [[Skoatterlân]] en it [[Lege Midden]] fan Fryslân. Troch de [[Kowestjerte|feepest]] wiene der in soad boeren dy't harren lân goedkeap ferkeapje woene. Dêrnei kaam der mear fraach nei stienkoal en kaam der in soad earmoede en sosjale spanningen.
 
It meitsjen fan turf gie hjir troch lange [[pet]]ten te graven mei stripen der tusken om de turf op te droegjen. Sa ûntstiene lânskippen as