Aldskoat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
Streuper (oerlis | bydragen)
Rigel 18:
 
== Skiednis ==
De âlde beneaming foar it plak is ‘’ Scoete’’ of ‘’Scote’’. Nei [[1408]] sprekt men fan ''Old Schooten'', wat letter Aldskoat wurden is. De namme ferwiist nei 'skoat', in útstekkend stik lân. Fan de [[Midsieuwen]] ôf wie it doarp it sintrum fan [[Skoatterlân]], hoewol’t it gemeentehûs [[Oenemastate]] fan Skoatterlân fan [[1828]] oant de opheffing fan dy gemeente yn it tichtbylizzende It Hearrenfean stie. It ûntstean hat te krijen mei in hege sânrêch yn it lânskip oan de bochtige [[Tsjonger]] dy’t de boel ek wolris ûnder wetter sette.
Oant ûngefear 1750 waard der ek rjocht sprutsen yn it doarp en setele de [[gritenij]]rie yn Aldskoat.
 
Oant 1580 stie der ek in hospitaal fan de [[Dútske Oarder]]. De familje [[Schotanus à Steringa]] komt fan Aldskoat. Opfallend detail is dat It Hearrenfean doe noch ''Skoatteruterbuorren'' neamd waard, wat dúdlik oanjout hoe wichtich Aldskoat doe wie.
De familje [[Schotanus à Steringa]] komt fan Aldskoat.
De kearn fan it âlde doarp wurdt foarme troch it krúspunt fan de noard-súd as (Marktwei en Wolvegeasterwei) en de east-westas. Dizze lêste bestiet út de yn it westlik gedielte fan it doarp begjinnende ''Peperstraat'' (dy’’ t by de ynfiering fan strjitnammen yn de jierren ’50 fan de [[20e ieu]] by fersin ''Kolfbaan'' neam waaard, in fout dy’t dy’t oan no ta altyd noch net wersteld is) en de Skoatterlânskewei (dy’t trochrint oant it doarp [[Donkerbroek]] yn [[Eaststellingwerf]]). Oan de súdkant fan de Peperstrjitte wie in kolfbaan. Dizze waard om 1960 hinne beboud mei trije rigen ienfâldige ‘simplexhuzen’.