Kneppelfreed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
Yndirekt wie Kneppelfreed it gefolch fan in op himsels ferbjusterjend ûnbetsjuttende rjochtsaak op [[20 oktober]] [[1948]] foar it [[kantongerjocht]] op [[It Hearrenfean]]. Dêrby waarden twa molktapers út [[Aldeboarn]], [[Wiebe van der Hoek]] en [[Jeen de Leeuw]], oanklage om't se de wurden "molke" en "sûpe" op harren molkbussen skreaun hienen, ynstee fan it wetlik fereaske "''melk''" en "''karnemelk''".
 
Nea hie dizze rjochtsaak safolle oandacht krigen as de rjochter, mr. [[S.R. Wolthers]], de oanklagen net ferbean hie om yn 'e rjochtseal Frysk te sprekken en Van der Hoek net bespot hie doe't dy dat dochs die. WoltersWolthers útspraak "''U bent toch op school geweest? U spreekt toch Nederlands?''" (''Jo hawwe dochs op skoalle west? Jo sprekke dochs Nederlânsk?'') hie úteinlik mear gefolchengefolgen dan syn fûnis, skuldich sûnder oplizzing fan straf.
 
Nei de rjochtsaak fûn der in skerpe útwikseling fan stânpunten plak yn 'e [[HearrenfeanskeHearrenfeanster Koerier]], tusken Wolthers, fia ynstjoerde brieven, en [[Fedde Schurer]], dy't doedestiids haadredakteur fan dy krante wie. Dit foarfal lei it fûnemintfûndemint foar wat der in pear jier letter barde.
 
=== De saak Van der Burg ===