Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 336:
:Wat ik der fan begryp is dit: oan it begjin hie elke wikipedy syn eigen teksten en plaatsjes, elk wie baas op eigen hiem. Fan in soad plaatsjes wurdt op meardere wiki's gebrûk makke en sokke foto's wurde dan opladen nei Commons, sadat elk se brûke kin op eigen hiem. Doe waard ferline jier besluten dat alle plaatsjes dy't al op Commons stienen, de sintrale plaatsjes wurde moasten sadat de foto's op elks wikipedyhiem fuort moasten. Doe kam er in Bot (in soarte mollehûn) dy't by elkenien it hiem op strûsde om te sjen at guon wiki's noch eigen plaatsjes hienen dy't al op Commons stienen. At jo in hûn (bot) loslitte op oarmans hiem moatte jo him oan it tou hawwwe en oars freegje oft er losrinne mei. No lykje der in tal plaatsjes fan it hiem helle te wêzen mar dy't net ôflevere binne op Commons. It is Aliter syn grutte frustraasje dat oaren harren hûn by ús op it hiem rinne litte en net goed ôfrjochte binne en plaatsjes fan ús begrave sadat wy se net werom fine kinne. It moaiste soe dus wêze as wy sels sa'n hûn (bot) hienen dy't allinnich op ús eigen hiem komt. De fraach is dus mear oft wy ús eigen foto's beheare meie of dat wy op Commons betrouwe kinne. It ferhaal fan de dûbele lisinsjes liket my in minder grut probleem. Ik miende dat it om in pear hûndert foto's giet en dy binne mei de hân wol nei te rinnen.--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] 28 mrt 2010, 19.01 (CEST)
::Okee, mar de fraach bliuwt: wiskje of stean litte, want de ôfbyldings stean wol allegear op de list [[Wikipedy:Siden wiskje]]--[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 28 mrt 2010, 20.14 (CEST)
:::Myn miening oer de NowCommons-ôfbyldingen is sa:
:::* Ofbyldingen dy't oarspronklik op de Fryske Wikipedy opladen binne, moatte net wiske wurde;
:::* Ofbyldingen dy't oarspronklik op in oare Wikipedy as de Fryske opladen binne, kinne wol wiske wurde.
:::Ik bin wol fan miening dat ôfbyldingen by foarkar op Commons en net lokaal oplade moatte wurde. In protte lokale ôfbyldingen op de Fryske Wikipedy hawwe net in krekte lisinsje. By tastimming foar publikaasje mist almeast it [[:Commons:Commons:OTRS/nl|OTRS]]-kaartsje. --[[Meidogger:Bouwe Brouwer|Bouwe Brouwer]] 28 mrt 2010, 20.29 (CEST)