Hoe't God Ferdwûn út Jorwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+link
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red , ôfbyld fan nl:
Rigel 1:
'''Hoe God verdween uit Jorwerd''' (''Hoe't God ferdwûn út Jorwert'') is in boek fan skriuwer [[Geert Mak]]. It boek ferhellet oer it doarp [[Jorwert]] en de feroarings dy’t yn it doarp plak hawwe yn it tiidrek [[1945]] oant [[1995]]. It is in soarte fan biografy oer it doarp. Mei it boek rekke Mak ferneamd yn [[Nederlân]].
[[Ofbyld:Jorwerd.JPG|thumb|right|''Jorwert'']]
 
== Gearfetting ==
It boek ferhellet oer de feroarings dy’t yn Jorwert plak hawwe nei de [[Twadde Wrâldkriich]]. De ûndergong fan it boerelibben yn de doarpen wurdt yn it boek beskreaun. Ieuwenlang hat it doarp stil stien yn de tiid en is der net in soad feroare. Mar nei de kriich feroaret it doarp fan in lytse boeredoarpke nei in doarp foar minsken dy’t net yn de stêd wenje wolle en foar toeristen. Wêr’t de minsken foar de kriich bot besibbe wienen mei elkoar feroaret dat allegear nei de oarloch.
 
Rigel 16:
De ynwenners kamen allinnich noch mar by elkoar as der merke wie en by it [[iepenloftspul]].
 
== Oersettings ==
Hoe't God ferdwûn út Jorwert is oersetten yn it [[Frânsk]], [[Dútsk]] en it [[Ingelsk]]. De Dútske ferzje kaam út yn [[1999]] en waard oersetten troch Isabelle de Keghel ûnder de namme: ''“Wie Gott verschwand aus Jorwerd: Der Untergang des Dorfes in Europa”''. De Ingelske oersetting waard yn [[2000]] útbrocht en is neamd ''“Jorwerd”'' en waard oersetten troch Ann Kelland. Yn [[2005]] folge de Frânske oersetting troch Pierre-Jean Brassac mei de namme ''“Que sont devenus les paysans?”''.
 
== Prizen ==
* [[1999]] – [[Roland Holst-priis]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
==Boekynformaasje==
* {{aut|Mak, Geert}} (1e druk: oktober 1996). ''Hoe god verdween uit Jorwerd – Een Nederlands dorp in de twintigste eeuw''. 399 bledsiden. Utjouwerij Atlas – Amsterdam. ISBN 9055423459 (bûn) ISBN 9789025408770 (bûsformaat).
 
== Keppeling om utens ==
* [http://geertmak-new.netrex.nl/ Hiemside fan Geert Mak]
}}
 
[[nl: Hoe God verdween uit Jorwerd]]