Gaasterlân (krite): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st.
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
[[File:Windmotor Mirns 12c.JPG|thumb|275px|''Wynmotor Mirns oan de súdgrins fan Gaasterlân, it Iselmar'']]
'''Gaasterlân''' is in kontrei yn de [[Súdwesthoeke]] yn de provinsje [[Fryslân]] mei in oerflak fan sa'n 7570 ha. en in east-west lingte fan likernôch 13 kilometer. De [[gemeente|gemeenten]] [[Gaasterlân-Sleat]] en [[Nijefurd]] binne part fan Gaasterlân.
 
De krite mei syn hichten en bosken foarmet in kontrast mei it foar it measte part flakke greidekarakter fan Fryslân. Dizze reliëfs yn it lânskip hjitten eartiids gaasten of [[Geast (sân)|geasten]]. Geasten binne yn de de [[Saalien]]-[[Iistiid|iistiid]] opdreane [[balstienliem]]rêgen, oerdekt mei in laach deksân. De leger lizzende dielen fan Gaasterlân hawwe in feanige ûndergrûn fan inkelde desimeters klaai oerdutsen.
 
Ut reden fan de [[sânferstowing]]en hjir en op oare plakken yn [[Nederlân]] hat [[Steatsboskbehear]] it gebiet om 1900 hinne beplante mei bosk. De balstienhichten foarmje in natuerlike [[seewarring]] tsjin it wetter fan de âlde [[Sudersee]] en foar it [[Iselmar]] fan no. Ien dêrfan is it [[Murnser Klif]]. It heechste punt fan Gaasterlân is 12,70 meter boppe [[Normaal Amsterdamsk Peil|NAP]] súddwestlik fan [[Aldemardum]] oan de râne fan it [[Jolderenbosk]]. Dêr stiet in [[loftwachttoer]] dy't jin in moai útsjoch oer lân en see besoarget.
Line 8 ⟶ 9:
Yn it [[Rysterbosk]], eigendom fan it [[It Fryske Gea]], is in [[hunebed|stíennen]] oerbliuwsel fan de [[trechterbekerkultuer]] fûn.
Plakken yn Gaasterlân binne: [[Aldemardum]], [[Riis]], [[Sondel]] en [[Laaksum]]. Oare bosken: [[Bremer Wyldernis]], [[Lycklamabosk]] en de bosk by Aldemardum.
 
== Skiednis ==
It boppeneamde hunebed tsjûget fan de iere bewenning fan de kontrei. Ek binne der fynsten út de iere [[Midsieuwen]] bekend, wylst de doarpen Mirns, Harich en Wykel al yn de 12e en 13e ieu neamd wurde. de delsettingen ûntstienen oan de râne fan it hege gebiet. Alde- en Nijemardum krigen it karakter fan in es-doarp, Harich waard in streekdoarp. It sintrale hege sângebiet wie heide, de lege kriten wienen allinnich gaadlik foar jacht op wyld, fiskjen en as healân.
 
De konflikten tusken [[Skieringers en Fetkeapers]] binne net oan Gaasterlân foarby gien. De lizzing tusken Starum en Sleat, yn de midsieuwen wichtige plakken, en de ferdieldens tusken de hearen fan it kontrei sels, brochten Gaasterlân plondering en brân, sa as yn Harich, Sondel en Wikel. Ek de 16e ieuske striid tusken de Geldersen en Saksen en de neisleep dêrfan spile hjir.
 
Yn de rêstiger tiid nei 1600 koe Balk, dat opkaam wie oan de [[Luts]] by de oergong fan de wei Harich-Wikel, him ûntjaan ta haadplak fan de [[gritenij]].Yn de 17e- en 18e ieu gie de ûntginning oan de rânen fierder en it hegere midden waard starichoan mear beboske. Op de kaart fan Schotanus (1664) binne noch mar in pear boskjes te sjen, û.o. by Balk en Wikel.
 
[[Kategory:Geografy fan Fryslân]]