Neva: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Neva; tekstwiziging
tf's
Rigel 4:
De '''Neva''' ([[Russysk]]: Нева) is in [[rivier]] yn [[Ruslân]]. De rivier is 74 km lang en 200 ant 1200 meter breed. Hy streamt fan it [[Ladogamar]] nei de [[Eastsee]] ([[Finske Golf]]). De Neva is part fan de [[Wolga]]-Baltyske wetterwei tusken de Eastsee, de [[Kaspyske See]] en de [[Wite See]]. Fan desimber oant april is de rivier befêrzen en net te befarren.
 
Nettsjinsteande har beskieden lingte, is de Neva dochs de treds grutste rivier fan Jeropa wat de grutte fan de wetterlossing oanbelanget. Allinnich de [[Wolga]] en de [[Donau]] streamt mear wetter troch. Oan de mûingmûning fan de Neva leit de wichtige stêd [[Sint-Petersburch]], eartiids de stêd fan de [[Tsaar|tsaren]].
 
Yn de Neva-delta lizze in protte elântsjeseilântsjes dy't sawol troch natuerlike rivierearmen as as kanalen foarme binne. In diel fan it histoaryske Sint-Petersburch leit op guon fan dy eilannen.
 
It museum De [[Hermitage]] yn [[Amsterdam]] hat har kafee-restaurant nei dizze rivier neamd, omdat se de libbensier fan [[Sint-Petersburch]] wie.