Reinder Sierks Roorda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 3:
Reinder Roorda waard berne yn in grifformearde húshâlding. Hy wie fan syn fak ynspekteur fan in libbensfersekeringsmaatskippij. Al gau kaam syn belangstelling foar de [[Skiednis fan Fryslân|Fryske skiednis]] en de [[Fryske beweging]] nei foaren. Yn de it [[Kristlik Frysk Selskip]] naam er in grut plak yn. Hy waard in fêste meiwurker fan ''De Stim fen Fryslân''. De stikken dy't er dêryn oer Britsum skreau, binne letter bondele as in doarpsskiednis.
 
Nei 1945 koe Roorda syn wjukken útslaan as genealooch. Yn ferskate Fryske kranten publisearre hy stikken oer famyljes en harren ferhâldingen ûnderinoar. Der binne ferskate genealogyske boeken fan syn hân útkommen, en hy waard ek faak frege as adviseur oer genealogyske ûnderwurpenûnderwerpen.
 
In oar mêd dêr't Roorda aktyf op wie, wie it skriuwen fan romans en foaral berneboeken. Roorda sleat him oan by it sjenre oer histoaryske persoanen dat ûnder it kristlike folksdiel yn de tritiger jierren fan de 20e ieu populêr wie. Roorda helle lykwols Fryske persoanen nei foaren.