Koninklijk Fries Genootschap voor Geschiedenis en Cultuur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
De Jierboekjes wienen Frysktalich.
No edit summary
Rigel 1:
Op [[27 septimber]] [[1827]] waard troch [[Franciscus Binkes]], [[Hendrik Amersfoordt]] en [[Freerk Fontein]] it '''Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde''' oprjochte. In Genoatskip, sekerfoaral yn de begjintiid, fan wat men de 'hegerein' neamme kin. [[Eeltsje Halbertsma]] betanke yn 1834 as lid. De reden skreau er oan syn broer Joast: ''Es gibt Narren aller Art'' (''Gekken binne der yn soarten en mjitten'') en hy woe dêr net ien fan wêze. It Frysk waard troch it Genoatskip dan wol bestudearre, fiertaal wie it by harren yn dy begjinjierren út ofnoch yn net. Ek it sûnt 1839 ferskinende (en noch altyd besteande) tydskrift "[[De Vrije Fries]]" wie foar it meastepart yn it [[Hollânsk]]. Wol binne der foar de tiid fan de "De Vrije Fries" noch in seistal nûmers fan in Frysktalich "[[Friesch Jierboeckjen]]" ferskynd.
 
It Frysk Genoatskip liet fan him sprekke yn [[1877]]. Yn it paleis fan [[Willem III]] oan it Hofplein yn Ljouwert waard in grutte tentoanstelling organisearre yn ferbân mei it 50-jierrich bestean fan it Genoatskip. De provinsje en de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] wurken der oan mei. Terpfynsten, skilderijen, silverwurk, hânskriften, kaarten, alles wat te toanen wie waard toand. It wie in grut sukses: Der kamen tritichtûzen besikers op ôf en der waard rûnom yn Nederlân omtinken oan jûn yn de parse. De bleau genôch jild fan oer om oan de [[Turfmerk]] it "[[Eysingahûs]]" oan te tugen, dêr't de samlingen fan it Genoatskip en provinsje in fêst plak krigen. Dêrmei stie it Genoatskip oan de widze fan it [[Frysk Museum]].