Onno Zwier fan Haren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
 
== Libben==
Van Haren studearre yn [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]] en te [[Utert (stêd)|Utert]], en waard yn 1734 boargemaster fan [[Sleat (stêd)|Sleat]] en histoarjeskriuwer fan de provinsje, yn 1742 [[grytman]] fan [[Weststellingwerf]], lid fan de [[Steaten fan Fryslân]], fan de [[Ried fan Steate (Nederlân)|Ried fan Steate]], en fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]]. Letter wie hy [[deputearre te fjilde]] en ôffurdige ta de fredehandel te [[Aken (stêd)|Aken]]. As trou tsjinner fan steedhâlder [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], dêr't hyer sûnt syn jeugd omgong mei hie en deselde geunsten by de prinses-gûvernante [[Anna fan Hannover]] dielde, hie hyer in soad machtige tsjinstanners, wêrûnderûnder wa de [[Loadewyk Ernst fan Brunswijk-Lüneburg-Bevern|hartoch fan Brunswijk]].
 
Nei de dea fan de foarstinne yn 1759 ferlear hyer syn ynfloed en doe't syn fijannen ek yn syn eigen famylje oanhing krigen, wie hyer, sa't it altyd giet dêr't de fijân binnen de muorren stiet, sûnder mis in ferlern man. [[Johannes van Vloten|Van Vloten]] hat it ferhaal fan dy leedfolle tweintich jierren betitele: ''Een Edelman onder ploerten''. [[Coenraad Busken Huet|Busken Huet]] skreau, út in oar gesichtspunt: ''De Van Harens'' (Batavia 1875).
 
De hurde feiten koenen ek yn de [[19e ieu]] noch net oan it papier tabetroud wurde. De fal fan Onno Zwier van Haren yn 1759 waard feroarsake troch in deifurdiging fanwege seksueel misbrûk fan syn dochters. It foarûndersyk en de rjochtssaak duorren trije jier. Yn it earstoan lei Van Haren in bekentenis ôf, mar letter luts hyer dy wer yn. Hy hie hardy ûnder presje ôflein, sa ferklearre hyer. It fûnnis fan it [[Hof fan Fryslân]] op [[27 oktober]] [[1762]] wie net ûndûbelsinnich. Gjin feroardieling, mar ek gjin frijspraak. De dochters mijden elk kontakt mei harren heit, wat dochs as in fingerwizing beskôge wurde kin. De politike karriêre fan de grytman en deputearre wie foargoed ferneatige en Van Haren luts him werom op "Lindenoard". Yn 1776 baarnde it bûtenferbliuw by [[Wolvegea]] oan de grûn ta ôf.
 
Yn de [[19e ieu]] waard hyer priizge as de ienigeienichste lêsbere Nederlanner út de perioade tusken [[Hubert Kornelisz. Poot|Poot]] en [[Willem Bilderdijk]]. [[Eddy du Perron]] publisearre yn 1939 in [[histoaryske roman]] oer it famyljedrama: ''Skandaal yn Hollân''.
 
== Wurk ==