Ferskil tusken ferzjes fan "Freark fan Hallum"

 
==Tarissing ta in kleaster==
It idee om in kleaster te stiftsjen liet Freark net los. Hy gie in jier nei it norbertiner [[kleaster Mariënweerd]] by [[Beesd]] om de wisânsjes fan de Norbertinen te bestudearjen en skreau de liturgyske boeken oer. Hy gie ek nei de biskop yn [[Utert (stift)|Utert]]. DizzeDy beneamde him ta [[kanunnik]], in geastlike dy’t him dwaande hâldhâldt mei it koargebed. Hy krige tastimming om mei oare koarhearen in kleaster te stiftsjen.
De gelegenheid krige er doe’t syn mem ferstoar en hy syn bernepart brûke koe om mei de bou fan in kleaster te begjinnen. It kleaster krige de namme "Mariëngaarde", ''hôf fan Marije'', en yn [[1163]] koe it ynwijd wurde.
Freark is doe werom gien nei Dútslân en slagge dêr. It norbertiner [[kleaster Steinfeld]] woe wol it memmekleaster fan Mariëngaarde wurde. Freark hat noch 12 jier abt fan it troch him stifte kleaster west. Hy waard begroeven yn de kleasterkapel.
 
Yn de lêste jierren waard der oer Freark klage. Hy krige hieltyd mear wurk foar de oarder te dwaan. Guon fûnen dat hyer sa it kleaster sloere liet.
 
==Freark syn progamma==
Anonime meidogger