Freark fan Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 23:
Op 3 maart stiet op de feestkalinder fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] as feestdei oanjûn: de hillige Fredericus, abt. Al gau nei syn dea waarden der wûnderferhalen oer de hillige abt ferteld. Sa waard Mariëngaarde in beafeartsplak. Folle Fryske hilligen wienen der net en sa krige Fryslân dan doch noch in hillige. Freark syn grêf krige hieltyd in promininter plak yn de kleasterkapel. Op ‘en doer rûn de belangstelling werom.
 
Yn 1580 namen de Steaten Mariëngaarde oer. Fan it kleaster moat der doe noch hast allinne de kapel stien hawwe, want dy tsjinne ek as parochjetsjerke foar de omkriten. De kapel bliuwdebleau in beafeartsplak fan harrendeselden dy’t by it âlde leauwe bleaun wienen. Yn 1622 wurdt der noch sein dat leauwigen nei Hallum kamen ta ferearing fan Freark. Dat wie de dûmnys te folle en se hawwe it safier krige dat de kapel sletten waard. Op in tekening fan [[Piter Idserts Poorter]] om 1730 hinne stie noch in bewenne boufal fan it eardere kleaster.
 
De grêftombe wie doe al leech. Foaroansteande Roomsken hawwe kâns sjoen om de oerbliuwsels fan Freark ûnderdûke te litten. Letter binne se nei de Súdlike Nederlannen smokkele. De kiste kaam terjochte yn de premonstratinzer abdij [[Bonne-Espérance]] by [[Binche]] yn [[Henegouwen]]. Sûnt [[1830]] binne se yn it lytsseminaarje yn [[Doornik]].