Tiny Mulder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Libben: st red
Streuper (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
As bern wenne hja lange tiid yn [[Assen]], mar doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei [[Drachten]]. Hjir learde Tiny Frysk praten, foar it lêzen en skriuwen folge sy in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.
 
Doe’t se njoggentjin jier wie, briek de [[Twadde Wrâldoarloch]] út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Se krige wurk op it gemeentehûs fan [[Smellingerlân]] en letter op it distribúsjekantoar, dêr't [[Piter Wybenga]] har sjef waard. Yn 1942 frege dy har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. Dêr hoegde hja net lang oer nei te tinken en as fersetsfrou holp se alliearde piloaten en socht se ûnderdûkadressen foar joadske minsken. Se krige de [[Medal of Freedom]] ûnderskieding mei Silver Palm yn [[1946]] fan de Amerikaanske regeaering. Fan Ingelân krige hja de 'King's Medal for Courage in the Cause of Freedom'. Ek de âlden fan Tiny Mulder hawwe postúm de [[Yad Vashem ûnderskieding]] takend krigen yn [[2010]].
 
Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste te wurkjen by it [[Friesch Dagblad]]. Hjir hat se fjirtich jier yn dieltiid wurke. Ek wie se foar guon regionale kranten korrespondint yn Ingelân en [[Skotlân]], letter hat hja hjirfoar ek noch reizge troch Amearika, Kanada en [[Denemark]]. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist Jildert Sudema (1923-1998) en tegearre krigen se twa bern.